Springe nei ynhâld

K.H. Holthuis

Ut Wikipedy

Kornelis Henricus Holthuis (Scheemda, 16 maaie 1852 - Grins, 5 juny 1942), yn fakliteratuer ornaris K.H. Holthuis neamd, wie in Nederlânske arsjitekt.

Holthuis, soan fan in timmerman, wurke foaral yn Grinslân. Inkelde troch him ûntwurpen gebouwen yn de stêd Grins binne oanwiisd as ryksmonumint, ûnder oaren it Typografengasthús (1903) oan de Petrus Campersingel. Ek syn soan Tonnis Holthuis (1880-1937) wie arsjitekt. Se wurken geregeld mei-inoar op. It troch harren ûntwurpen pakhûs Friesland (1912) oan de Aweg is ek in ryksmonumint.

Holthuis ferstoar yn 1942 yn de âldens fan 90 jier yn Grins en waard dêr beïerdige op it Esserveld.

In kar:

  • 1888: Dokterswente mei praktyk, Nieuwe Pekela
  • 1892: Regulateurshûs eardere gasfabryk, Grins
  • 1902: Nederlands-Hervormde kerk, Alteveer
  • 1902-1903: Typografegasthûs, Grins
  • 1904: Utwreiding Hûs De Beurs oan it Akerkhof, Grins
  • 1912: Pakhûs Friesland, Grins (met T. Holthuis)
  • 1914: Filla Honk oan de Verlengde Hereweg, Grins

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: