Gasfabryk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gasfabryk, Woarkum 1903

Yn in gasfabryk wurdt troch droege destillaaasje fan stienkoal (hyt meitsje sûnder tatreden fan soerstof) ljochtgas of kooksovengas en kooks makke. Ljochtgasfabriken hawwe gasmeitsje as haaddoel en kooks is in byprodukt. By in kooksfabryk is dit oarsom, de kooks wurdt dan benammen produsearre foar de izerwinning.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Dat der gas ûntstiet by de droege destillaasje fan stienkool is al lang bekend. De Maastrichter Jan Pieter Minckeleers, professor yn Leuven, ferljochte sûnt 1785 ien kear yn't jier syn kolleezjeseal mei rûch ljochtgas. De Ingelsman William Murdoch befoardere om 1800 hinne it brûken fan ljochtgas foar ferljochting en ferwaarming op grutte skaal. Yn 1812 en 1815 waarden de strjitten fan Londen en Parys mei gasferljochting ferljochte. It earste gasfabryk yn Nederlân waard yn 1826 troch in Ingelsk bedriuw yn Rotterdam yn gebrûk nomd. In pear jier hjirfoar waard yn Amsterdam al gas produsearre út raapoalje. Nei in soad ferbetterings waarden yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu troch hiel Nederlân gasfabriken boud dy't faak troch de gemeente beheard waarden. Ek waarden der alderlei manieren fûn om de ôffalprodukten fan de gasproduksje te ferwurkjen ta allerhanne produkten lykas keunstdong, swevelsoer en in soad organyske produkten.

Troch de opkomst fan de gloeilampe rekke de gasferljochting yn de earste helte fan de tweintichste ieu yn ûnbrûk. Der waard noch wol ferwaarme en itensean op ljochtgas oant yn 1959 by Slochteren in grut ierdgasfjild ûntdekt waard. In soad gasfabriken waarden sloopt wêrby't meastal in swier fersmoarge terrein efterbleau.

Proses[bewurkje seksje | edit source]

G = generator foar generatorgas, K = keameroven, M = main, Sch = skoarstien, C = kondensor, T = tarput, E = exhauster, P = tarôfskieder, A = ammoniakwasker, Z = suveringskiste, Mr = gasmeter, Gh = gashâlder, pl = primêre loft, sl = sekundêre loft, c = kooks, g = generatorgas, s = stienkoal, r = rûch ljochtgas, k = kuolwetter, t = tar, a = ammoniakwetter, w = wetter, ij = izerierde, z = suvere stienkoalgas


De droege destillaasje fan stienkoalen bart yn keamerovens, dy't hjit makke wurde troch op it plak sels produsearre generatorgas. De troch hyt meitsjen fan stienkoal ûntstiene gassen stige op en wurde troch in buizestelsel fan klimpipen ôffierd nei in hoarizontaal rinnende sammelbuis, de hydraulic main. Nei de hydraulic main wurdt it gasmingsel nei de suveringsynstallaasje laat. As de gasproduksje sakket wurde de keamerovens leechstoarten, de gleonhjitte kooks wurdt mei wat weter dwêste.

Gassuvering[bewurkje seksje | edit source]

It by it gasmeitsjen ûntstiene rûch ljochtgas wurdt ôfkuolle yn in kondensor, hjirby kondensearje de minder flechtige bestândielen lykas stienkoaltar en wetter. Nei de kondensor giet it gasmingsel fia in exhaustor pomp noch troch in tarskieder om alle tar dy't net yn de kondensor kondensearre is, der út te heljen. It gasmingsel dat oerbliuwt bestiet no út: wetterstof, metaan, koalmonokside, gasfoarmige koalwetterstoffen, stikstof, koaldiokside, ammoniak, wetterstofsulfide en ferskate syaanferbinings. Hjirnei wurdt it gas troch waskers of skrobbers laat. Dêrby wurdt it gas tige yntinsyf yn kontakt brocht mei wetter wêrtroch't de ammoniak yn oplossing giet. Om it gas no noch te suverjen fan swevelwetterstof en de syaanferbinings lit men it troch suveringskisten rinne. Hjiryn sitte rusters dêr't izerierde op útsprieden leit. Neffens ûndersteande formule wurdt de swevelwetterstof bûn troch de izerierde.

2 Fe(OH)3 + 3 H2S → 2 FeS + S + 6 H2O

Ek de syaanferbinings bine har oan de izerierde. It suvere en brûkkleare gas streamt dêrnei troch in gasmeter nei de gashâlder wêryn it boppe wetter opslein wurdt oant ôfname troch de brûkers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Bokhorst, Dr S.C. - Leerboek der scheikunde Grins, Batavia: J.B. Wolters (1946)
  • Meurs, Dr G.J. van - Beginselen der scheikunde De Haach: Nijgh & vsn Ditmar (1954)