Springe nei ynhâld

Julius Schnorr von Carolsfeld

Ut Wikipedy
Julius Schnorr von Carolsfeld
keunstner
Julius Schorr von Carolsfeld troch Leonhard Gey
Julius Schorr von Carolsfeld troch Leonhard Gey
persoanlike bysûnderheden
echte namme Julius Veit Hans Schnorr von Carolsfeld
nasjonaliteit Dútsk
berne 26 maart 1794
stoarn 24 maaie 1872 (78 jier)
wurkpaad
streaming Nazareners, romantyk
prizen Beierske Maximiliaansoarder foar Wittenskip en Keunst (1853)

Julius Schnorr von Carolsfeld (Leipzig, 26 maart 1794Dresden, 24 maaie 1872) wie in Dútsk romantyske keunstskilder fan benammen Bibelske ûnderwerpen. As jongfeint assosjearre er him mei de skilders fan de Nazarener beweging dy't de blomrike Renêssânsestyl yn de religieuze keunst nij libben ynbliezen. Hy wurdt foaral betocht om syn wiidweidige Die Bibel in Bildern en syn ûntwerpen foar brânskildere ruten yn katedralen.

Schnorr waard berne yn in famylje fan keunstners. Syn heit Veit Hanns Schnorr von Carolsfeld (1764–1841) wie ek keunstskilder en joech him yn earste ynstânsje skilderles. Syn bruorren Ludwig Ferdinand (1788–1853) en Eduard (1790–1819) waarden ek keunstskilder.

Yn 1811 begûn Schnorr in stúdzje oan de Akademie der bildenden Künste te Wenen, dêr't in jier earder Johann Friedrich Haanck, Franz Phorr en in pear oaren tsjin it klassisisme rebellearjende studinten fuortstjoerd wiene. Op de akademy sleat er him oan by sympatisanten fan dy him ûnderwilens Nazareners noemende studinten en naam harre skilderstyl oer, wêrby't er weromgriep op de let-Middeliuwske skilderkeunst fan it Quattrocento. Yn 1818 sluet Schnorr him by de Nazareners Overbeck, Peter von Cornelius, Friedrich Wilhelm Schadow en Philipp Veit yn Rome oan en wurke mei harren op oan in tal grutte fresko’s, ûnder oare yn de Villa Massimo.

Yn 1825 kaam er werom nei Dútslân en fêstige him yn München, dêr't er yn tsjinst kaam fan Loadewyk I fan Beieren. Oan it hof groeide er út ta in soarte fan dichter-skilder en makke in soad ferheljende muorreskilderingen, ûnder oare in searje fresko's fan it Nibelungenliet yn it paleis. Oare gebouwen dekorearre er mei kompositoarysk sterke, mar ek tige ekstravagante fresko's oer de skiednis fan Karel de Grutte, Frederick Frederossa en Rudolf van Habsburg.

Nei syn perioade oan it hof makke Schnorr benammen namme as renêssânsistyske Bibel-yllustrator en ûntwerper fan glês-yn-leadruten, ûnder oare foar de Katedraal fan Glasgow en de St Paul's Cathedral yn Londen. Syn styl wie ier-Florentynsk en benammen yn syn Bibeltekeningen tige fol en oerdiedich.

Schnorr ferstoar yn 1872, yn'e âldens fan 78 jier, yn München. Syn soan Ludwig wie ien fan de bekendste tenors út de njoggentjinde iuw en de earste dy't Richard Wagner syn Tristan fertolke.

  • Michael Teichmann: Julius Schnorr von Carolsfeld (1794–1872) und seine Ölgemälde. Monographie und Werkverzeichnis. Frankfurt am Main: Lang, 2001. ISBN 3-6313-7800-9

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]