Julianna Vega

Ut Wikipedy
Julianna Vega
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Kubaansk
Amerikaansk
berne 5 july 1981
berteplak ûnbekend (Kuba)
etnisiteit Kubaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Julianna Vega op Twitter

Julianna Vega, echte namme ûnbekend (yn Kuba, 5 july 1981), is in Kubaansk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Ein 2014 krige Vega bredere bekendheid troch har rol yn 'e film Mia Khalifa Is Cumming for Dinner, dy't foar in soad opskuor soarge.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vega waard omtrint 1987 berne op Kuba, mar groeide op yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn 2014, doe't se likernôch 27 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Vega neitiid yn teminsten acht films, wêrby't it yn hast alle gefallen om produksjes fan 'e pornowebside BangBros gie. Dêropta spile se yn ien film fan 'e lytse studio Airerose Entertainment. Njonken har aktearwurk is Vega ek aktyf as neakenmodel.

Vega krige in beskate bekendheid troch har rol yn 'e film Mia Khalifa Is Cumming for Dinner, út it neijier fan 2014. Dêryn hie se in trioke mei akteur Sean Lawless en de Libaneesk-Amerikaanske pornostjer Mia Khalifa. It feit dat Vega en Khalifa dêrby hidjaabs droegen, in stik klean dat ornaris assosjearre wurdt mei islamityske froulju, soarge yn it Midden-Easten en benammen Khalifa har bertelân Libanon foar in protte krityk, dy't yn Khalifa har gefal sels útrûn op deadsbedrigings. Dat nettsjinsteande it feit dat Khalifa it grutste part fan har libben yn 'e Feriene Steaten trochbrocht hie en fan hûs út net islamitysk mar eastersk-katolyk is. Vega ûntkaam troch har Kubaanske eftergrûn fierhinne oan soksoarte eksessen. Troch alle trelit waard Mia Khalifa Is Cumming for Dinner ien fan 'e populêrste pornofilms dy't BangBros ea makke hat.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Julianna Vega is in Latina mei in blanke en yndiaansk hûdskleur, brune eagen en brún hier. Gegevens oer har lingte en gewicht binne net foarhâns, mar se hat kupmaat 34E, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Se hat, behalven troch har earlellen, gjin piercings, mar wol hat se in tribal-tatoeaazje yn 'e foarm fan in bân om har rjochterboppe-earm hinne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: