Joseph Crouwel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Postkantoar Bussum
Haadpostkantoar Utert

Joseph Crouwel (Utert, 15 maart 1885 - De Haach, 16 febrewaris 1962) wie in troch de Amsterdamske Skoalle beynfloede Nederlânske arsjitekt.

Crouwel kaam nei syn oplieding oan de Quellinusskoalle yn Amsterdam yn tsjinst by de buro's fan Karel de Bazel en H.P. Berlage. Hy besleat yn 1917 om as arsjitekt by de Ryksgebouwetsjinst oan it wurk te gean. Crouwel ûntwurp in protte gebouwen foar de PTT. Syn meast opfallende wurk binne de postkantoaren yn Utert, Haarlim, Bussum, it ferwoastge tillefoan/tillegraafgebou yn Arnhim, en in skoalle yn Harns.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]