Springe nei ynhâld

José Vigeveno

Ut Wikipedy

José Vigeveno (Amsterdam 30 maaie 1891 - Kamp Westerbork, 12 novimber 1943) wie fise-konsul fan Nikaragûa en ûndernimmer.

Vigeveno wie fan joadsk komôf. Hy wie in soan fan Gabriël Vigeveno en Henriëtte Goudstikker. Yn Amsterdam hie er ek de lieding oer keunsthannel Goudstikker. Op 30 maaie 1922 boaske er yn Charlottenburg, (Dútslân) oan Ilse Benario (*Hamboarch, 1899). [1]

Yn 1925 wie Vigeveno ien fan de oprjochters fan de N.V. Nederlandsche Thermochemische Fabrieken (NTF) yn Amsterdam, no Rendac. Yn 1926 waard yn Sumar de earste fabryk iepene, it saneamde 'stjonkfabryk'. It wie de earste fabryk yn Nederlân foar it ferwurkjen fan kadavers.

Vigeveno stoar yn Kamp Westerbork oan in 'hertferlamming' [2].

Yn Sumar is in strjitte nei him neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geschiedenis van het Humanitarisme in Nederland. José Vigeveno
  2. Philip Mechanicus, In dépôt. Dagboek uit Westerbork (Amsterdam 1964) s. 198-199