Philip Mechanicus (sjoernalist)
Philip Mechanicus (Amsterdam, 17 april 1889 - Auschwitz, 12 oktober 1944) wie in Nederlânsk sjoernalist fan it Algemeen Handelsblad. Hy reizge as korrespondint nei ûnder oaren de Sovjet-Uny en Palestina.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoernalist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Philip Mechanicus wie in soan fan Elias Mechanicus en Sarah Gobes. Hy waard opbrocht yn in húshâlding mei acht bern. Nei de legere skoalle gie Mechanicus oan it wurk by de administraasje fan it sosjaaldemokratyske deiblêd Het Volk, dêr't er him opwurke ta sjoernalist. Letter wurke er yn Nederlânsk-Ynje by de Sumatra Post en De Locomotief. Fan 1920 ôf siet er by de bûtenlânredaksje fan it Algemeen Handelsblad. Under de Dútske besetting waard it him ferbean as sjoernalist te wurkjen, lykas ek oare sjoernalisten fan Joadsk komôf.
Op 27 septimber 1942 waard er arrestearre yn Amsterdam en nei Kamp Amersfoart brocht; 7 novimber 1942 gie it nei Kamp Westerbork. Yn Westerbork hold er in deiboek by, fan 28 maaie 1943 oant en mei 28 febrewaris 1944; mei troch syn sjoernalistike fermogens koe Mechanicus in sekuer ferslach fan it kamplibben meitsje. It deiboek waard yn 1964 útjûn ûnder de titel In Depot en is in wichtige boarne fan kennis ier trochsjoerkamp Westerbork.
Op 8 maart 1944 waard Mechanicus op de trein nei Bergen-Belsen set en sân moanne letter, op 9 oktober 1944, op in straftransport fan 120 man nei Auschwitz-Birkenau, dêr't er op 12 oktober deasketten waard.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Russische reisschetsen: verzamelde reisbrieven, Algemeen Handelsblad, 1932
- Van sikkel en hamer, Andries Blitz om 1932
- Een volk bouwt zijn huis: Palestijnsche reisschetsen, Algemeen Handelsblad, 1934
- In Dépôt, dagboek uit Westerbork, Athenaeum - Polak & Van Gennep, 1964
- 'Ik woon, zoals je weet, drie hoog': brieven uit Westerbork, útjouwerij Balans, 1987
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Koert Broersma, 'Buigen onder de storm': levensschets van Philip Mechanicus 1889-1944, Van Gennep, 1993.
- Frits Abrahams, In Dépôt, NRC Handelsblad, 13 april 2010, s. 18.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Philip Mechanicus op Digitaal Monument Joodse Gemeenschap in Nederland
- Profyl yn de DBNL, mei de folsleine tekst fan In depot, syn deiboek