Joost Vandebrug
Joost Vandebrug | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 juny 1982 | |
berteplak | Harns | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Fotograaf, regisseur |
Joost Jozef Vandebrug (Harns, 24 juny 1982), profesjoneel bekend as Joost Vandebrug, is in Nederlânske fotograaf, fideoregisseur en dokumintêrefilmregisseur festige yn Londen. Hy is ek kreatyf direkteur en oprjochter fan it bernekleanlabel Jumping Dog en meioprjochter fan it Cinci Lei-projekt.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vandebrug syn boek Cinci Lei, publisearre troch Dust Magazine, giet oer in groep strjitbern yn Boekarest dy't er de Lost Boys ('Ferlerne jonges') neamd.
Yn july 2018 brocht Vandebrug syn earste lange dokumintêre Bruce Lee and the Outlaw út, dy't op it Sheffield Doc/Fest yn premiêre gie en letter op ferskate filmfestivals oer de hiele wrâld te sjen wie. De film waard produsearre troch Grain media en útfierend produsint Noomi Rapace. Hy waard opnommen yn 7 jier tiid en hat in tal deselde haadrolspilers as syn boek Cinci Lei.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A Life in Tunnels, 2011. 200 stiks útbrocht.
- Bruce Lee, Regele Canalelor ('Bruce Lee, kening fan de tunnels'), 2014.
- Cinci Lei, 2014.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bruce Lee and the Outlaw (2018). Dokumintêre
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|