Noomi Rapace

Ut Wikipedy
Noomi Rapace op it Toronto International Film Festival yn 2014
Rapace op it San Sebastián Film Festival 2007

Noomi Rapace (Hudiksvall, 28 desimber 1979, berne as Noomi Norén) is in Sweedsk aktrise. Sy waard ynternasjonaal ferneamd troch har rol fan Lisbeth Salander yn de Millenium-trilogy basearre op it wurk fan de Sweedske skriuwer Stieg Larsson. Foat it earste diel Män som hatar kvinnor waard se yn 2009 nominearre foar de European Film Award foar bêste aktrise.

Rapace har bertenamme is Norén. Har fan Rapace hat sy te tankjen oan har houlik mei de Sweedske akteur Ola Rapace (2001), mei wa't sy soan Lev krige (2003). Sûnt 2010 wenje sy lykwols apart. Sy hat in Spaanske heit (in flamingosjonger) en in Sweedske mem (aktrise) en waard grut yn Järna (Sweden) en yn Flúðir (Yslân).

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*Sûnder telefyzjefilms

  • Angel of Mine (2019)
  • Close (2019)
  • Stockholm (2018)
  • Bright (2017)
  • Unlocked (2017)
  • What Happened to Monday (2017)
  • Alien: Covenant (2017, cameo)
  • Rupture (2016)
  • Child 44 (2015)
  • The Drop (2014)
  • Dead Man Down (2013)
  • Prometheus (3D) (2012)
  • Sherlock Holmes: A Game of Shadows (2011)
  • Luftslottet som sprängdes (2009, alias 'Millennium 3: Gerjochtichheid')
  • Flickan som lekte med elden (2009, alias 'De frou dy't mei fjoer boarte')
  • Män som hatar kvinnor (2009, alias 'Manlju dy't froulju hate')
  • Daisy Diamond (2007)
  • Du & jag (2006)
  • Enhälligt beslut (2006)
  • Bloodbrothers (2005)
  • Toleransens gränser (2005)
  • Capricciosa (2003)
  • En utflykt till månens baksida (2003)
  • Sanning eller konsekvens (1997)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]