Joop Bakker
Johannes Age (Joop) Bakker (Boalsert, 27 maaie 1921 – Wassenaar, 6 oktober 2003) wie in politikus foar de ARP. Hy wie boargemaster en letter minister en ficepremier.
Bakker folge de HBS-A, en studearre dêrnei ekonomy oan de Nederlânske ekonomyske Hegeskoalle yn Rotterdam. Fan 1949 oant 1955 wie er firmant fan J.A. Bakker & Soan.
Syn politike karriêre begûn yn 1946, doe't hy wethâlder waard fan Boalsert. Yn 1955 waard Bakker boargemaster fan Andijk. Fan 1959 oant 1963 wie Bakker boargemaster fan Hoogeveen. Hy krige yn dy funksje yn 1963 te krijen mei de boererebûlje yn Hollandscheveld. Bakker pleite der mei súkses foar de A28 lâns Hoogeveen rinne te litten. Ek sette er him yn foar de komst fan in skouboarch.
Op foarspraak fan syn âlde stúdzjefreon Jelle Zijlstra waard Bakker yn 1963 steatssiktaris fan Ekonomyske Saken yn it kabinet-Marijnen. Hy hold dy funksje yn it kabinet-Cals. Fan 1966 oant 1967 wie Bakker minister fan Ekonomyske Saken yn it kabinet-Zijlstra. Hy sluet yn jannewaris 1967 in oerienkomst mei oaljemaatskippijen oer it opspoaren fan oalje yn it Nederlânske diel fan de Noardsee. Fan 1967 oant july 1971 wie hy minister fan Ferkear en wettersteat yn it kabinet-De Jong. Hy wie teffens ficepremier, belêste meo de koördinaasje fan de oangelegenheden betreffende Suriname en de Nederlânske Antillen. As minister fan Ferkear en Wettersteat soarge Bakker foar de earste wetjouwing tsjin wetterfersmoarging.
Na syn ministerskip siet hy oant begjin 1972 foar de ARP yn de Twadde Keamer. Dêrnei ferfolde hy tal fan bestjoersfunksjes by it bedriuwslibben. Fan 1972 oant 1984 wie Bakker foarsitter fan de rie fan bestjoer fan Ago Ferzekeringen (fan 1983 ôf bekend as Aegon).
Hy ferstoar yn de gemeente Wassenaar en waard op 8 oktober 2003 beïerdige yn Heech.
- Frysk ûndernimmer
- Frysk politikus
- ARP-politikus
- CDA-politikus
- Frysk wethâlder
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk ûndernimmer
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk steatssekretaris
- Nederlânsk minister fan Ekonomyske Saken
- Nederlânsk minister fan Ferkear en Wettersteat
- Nederlânsk minister fan Keninkryksrelaasjes
- Fise-premier fan Nederlân
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Boalsert
- Heech
- Persoan berne yn 1921
- Persoan stoarn yn 2003