Springe nei ynhâld

Jonge seeklaai

Ut Wikipedy
Opgraving fan it Korbulokanaal by Leidschendam

De jonge seeklaai is de jongste laach seeklaai yn de ûndergrûn fan Nederlân en Noardwest-Dútslân. Jonge seeklaai komt benammen foar yn Seelân, it noarden fan Noard-Hollân, Fryslân, Grinslân en de Noardseekuststripe yn Noardwest-Dútslân. Ek leit der jonge seeklaai yn Belgje en it oangrinzgjende gebiet fan Frankryk.
De jonge seeklaai waard fan likernôch 3000 jier lyn ôf oant yn de midsiuwen foarme. Yn dat tiidrek strûpte de kuststreek gauris ûnder wetter troch it ynbrekken fan de see, dêr't lagunen en slinken troch foarme waarden, om't it feangrûn dy't benefter de strânwâlen lei troch it ynstreamen fan it wetter begûn yn te klinken[1]. Dêr waard sân en klaai yn ôfset. Sa ûntstie in kweldergea. Fan de sânde iuw f.Kr. ôf ûntstie dêr permaninte bewenning om't de kwelders heech genôch opslike waarden sa't dy by floed net altyd mear ûnderstrûpten. Op de kwelders en benammen de kwelderrêgen, dy't by de slinken del troch it oanfierende slyk foarme waarden, waarden terpen boud. Fan de tsiende iuw n.Kr. ôf waard mei it bedykjen úteinset. Dêrtroch sliken de slinken en lagunen hieltyd mear oan. Dat oanslike lân waard letter ek wer bedike, lykas bygelyks de Marneslinke, de Middelsee en It Bilt.

Earder waard der oannommen dat dy ôfsettings foarme waarden troch it algeduerigen omheech gean of sakjen fan de seespegel. Hjoed-de-dei wurdt oannommen dat it ynbrekken út de see wei it gefolch wie fan it grutskalich ôfgraven fan it fean. Dêrtroch sette in laach klaai op it fean ôf.

Njonken jonge seeklaai bestiet der ek âlde blauwe seeklaai, dy't foarme waard by in eardere tiid fan transgresje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: