John Tenniel
John Tenniel (Londen, 28 febrewaris 1820 – dêre, 25 febrewaris 1914) wie in soan fan dûns- en skermlearaar fan Frânsk (hugenoaten) komaf. Hy studearre ûnder oaren oan de Royal Academy of Arts yn Londen, mar it fak fan yllustrator en polityk tekener hat er himsels fral oanleard.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Tenniels noch mar 16 jier wie waarden syn skilderijen al tentoansteld. Syn grutte talint waard rillegau sjoen en hy krige ferskate earfolle opdrachten.
Tenniel publisearre in tal politike tekeningen yn it satiryske blêd Punch, dêr't er yn 1850 fêste tekener waard. Stadichoan naam er op him de wichtichste politike cartoons foar Punch te meitsjen.
Troch in ûngemak by it skermjen yn syn jonkheid, waard er fan 1860 ôf foar in grut part blyn oan ien each.[1][2] Hy hie in fotografysk ûnthâld, en kaam út en troch by syn 'slachtoffers' op 10 Downing Street en oare plakken oer de flier.
Yn 1874 waard er opnaam as lid yn de Royal Institute of Painters in Water Colours. Hy eksperimintearre mei ferskaat oan media, lykas mozayk fan Leonardo da Vinci yn it Victoria en Albert Museum, mar hy wie in master yn it houtfykjen; Lalla Rookh is faaks syn meast slagge wurk wat konseptuearring, sizzingskrêft en technyske finesse oanbelanget.
Njonken syn wurk foar Punch en oare blêden wurke John Tenniel as boekyllustrator. Hy mocht ek graach mei oaren oparbeidzje oan ferskate projekten, mar syn grutste ferneamdens hjoed de dei hat er yn it foarste plak te tankjen oan de earste yllustraasjes fan Alice's Adventures in Wonderland.
Tenniel (sûnt 1893 Sir John, op foardracht fan premier Gladstone) joech syn wurk foar Punch oer yn 1901. Hy ferstoar yn 1914.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alice boartet mei it hûntsje
-
The Jabberwock, yllustraasje fan John Tenniel foar Lewis Carroll syn Through the Looking-Glass.
-
Davy Jones' Locker, 1892 cartoon yn Punch
-
Dropping the Pilot, 1890 cartoon yn Punch, kommentaar op Otto von Bismarck syn ûntslach
-
The Nemesis of Neglect, 1888 Punchcartoon, kommentaar op de moarden fan Jack the Ripper
Boeken mei syn yllustraasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- 1845 - Undine
- 1846 - Juvenile Verse and Picture Book
- 1848 - Aesop's Fables, 100 tekeningen
- 1858 - Grave, fan Robert Blair
- 1860 - The Gordian Knot, fan (Punch-redakteur) Shirley Brooks
- 1861 - The Silver Cord, fan Shirley Brooks
- 1861 - Lalla Rookh (1817), fan Thomas Moore, 69 tekeningen
- 1866 - Alice's Adventures in Wonderland, fan Lewis Carroll
- 1867 - The Mirage of Life
- 1870 - Through the Looking-Glass, fan Lewis Carroll
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wurk fan John Tenniel yn HeidICON
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|