Johannitertsjerke (Famagusta)
Johannitertsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | de jure Syprus de fakto: Noard-Syprus | |
distrikt | de jure: Famagusta de facto Gazimağusa | |
plak | Famagusta | |
adres | Kışla Yolu Sk 11-14 | |
koördinaten | 35° 07 N, 33° 56' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
hjoeddeiske funksje | eksposysjeromte | |
Arsjitektuer | ||
boujier | ein 13e iuw | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
De Johannitertsjerke is in tsjerkegebou yn it sintrum fan 'e Syprioatyske stêd Famagusta. Noardlik fan 'e tsjerke grinzget de Timpelierstsjerke. De twa tsjerken wurde fanwegen de wapens boppe it súdlike portaal fan 'e lytste tsjerke tradisjoneel oan 'e Johanniters en Timpeliers tawiisd. Hjoed-de-dei binne der guon dy't dêr oan twifelje en fan betinken binne dat it tsjerken west ha fan katolike kleasters of in Genueeske partikulier. De twa tsjerken wurde hjoed-de-dei ek as 'twillingtsjerken' oantsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytste fan 'e twa tsjerken is de ien travee grutte Johannitertsjerke. De tsjerke waard tsjin de ein fan 'e 13e iuw boud en lykas de oanbuorjende tsjerke oan Jehannes de Doper wijd.
Johanniters wiene in yn Jeruzalim stifte oarder mei de taak om earme en sike pylgers te fersoargjen. Nei de earste krústocht ûntwikkele de organisaasje him ta in militêre oarder, dy't beset wie mei de ferdigening fan it Hillige Lân. Mei de timpeliers wiene de Johanniters in machtige kristlike organisaasje yn it gebiet.
Nei de fal fan Akko yn 1291 flechten de johanniter ridders nei Syprus. Mei't de oarder fan 'e Timpeliers yn it begjin op oandriuwen fan Filips IV fan Frankryk om sa syn eigen skatkiste te spekjen ûntbûn waard, namen de Johanniters de Syprioatyske besittings oer. Tusken de twa tsjerken waard doe in gong boud, dy't de twa tsjerken mei inoar ferbûn. It klokketuorke fan 'e tsjerke is in 16e-iuwske tafoeging.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|