Springe nei ynhâld

Timpelierstsjerke (Famagusta)

Ut Wikipedy
Timpelierstsjerke
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Famagusta
de facto Gazimağusa
plak Famagusta
adres Kışla Yolu Sk 11-4
koördinaten 35°07 N, 33°56'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Jehannes de Doper
hjoeddeiske  funksje eksposysjeromte
Arsjitektuer
boujier iere 13e iuw
boustyl gotyk
Kaart
Timpelierstsjerke (Syprus)
Timpelierstsjerke

De Timpelierstsjerke is in tsjerkegebou yn it sintrum fan 'e Syprioatyske stêd Famagusta. Njonken de tsjerke stiet de tsjerke fan 'e Johannitertsjerke. De twa tsjerken wurde fanwegen de wapens boppe it súdlike portaal fan 'e lytste tsjerke tradisjoneel oan 'e Timpeliers en de Johanniters tawiisd. Hjoed-de-dei binne der guon dy't dêr oan twifelje en fan betinken binne dat it tsjerken west ha fan katolike kleasters of in Genueeske partikulier. De twa tsjerken wurde hjoed-de-dei ek as 'twillingtsjerken' oantsjut.

Plattegrûn.

De grutste fan 'e twa is de trije traveeën grutte tsjerke fan 'e Timpeliers, in organisaasje fan krúsfarders dy't Europeeske pylgers nei it Hillige Lân beskermje moast. Dy organisaasje besiet ienris it eilân Syprus. De tsjerke waard yn 'e iere iuw boud en lykas de oanbuorjende tsjerke oan Jehannes de Doper wijd. Nei de oprjochting groeide de organisaasje wat leden en macht oanbelanget. Om 't pylgers in soad lêst fan rôfoerfallen hiene, yntrodusearren de Timpeliers in systeem fan skuldbrieven, dy't it fûnemint leine foar it hjoeddeiske banksysteem. Troch jeften en tûke transaksjes waard de organisaasje al gau ûnbidich ryk. Mar de ridders wiene ek fral beset mei de krústochten en mei't it Hillige Lân yn hannen foel fan de moslims, rekke ek de belangstelling foar de oarder yn it neigean. Nei de fal fan Akko ferkocht Richard Liuwehert Syprus oan 'e Timpeliers, dy't it lykwols mar in jier yn harren besit hie.

Yn 1307 hie kening Filips IV grutte skulden. Om oan jild te kommen hefte er swiere belestings op it tsjerklik besit en liet er joaden ûnteigenje. Ek de timpeliers waarden net fergetten en hy sette de paus mei falske beskuldigingen oer ketterij ûnder druk om de Timpeliers op te pakken en op harren besit beslach te lizzen wêrmei't Filips IV syn skatkist folje koe. De oarder waard yn 1314 opheft en de lieders feroardield ta de brânsteapel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: