Springe nei ynhâld

Johannes Bieruma Oosting

Ut Wikipedy
Johannes Bieruma Oosting

Johannes Bieruma Oosting (Ljouwert, 5 septimber 1816 - It Oranjewâld, 24 july 1885) wie in Nederlânsk politikus en steatsman. Hy wie de soan fan Johannes Bieruma Oosting en Sjuwke Cats.

Bieruma Oosting studearre Romeinsk rjocht en hjoeddeisk rjocht oan de Hegeskoalle fan Utert oant 3 july 1840. Hjirnei waard hy abbekaat yn Ljouwert, fan 9 septimber 1840 oant febrewaris 1850. Fan 6 febrewaris 1850 oant 1 july 1851 wie hy grytman fan Weststellingwerf en fan 1851 oant 1 oktober 1854, boargemaster fan Weststellingwerf.

Hjirnei waard hy lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar it kiesdistrikt Ljouwert en dêrnei lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar it kiesdistrikt It Hearrenfean. Yn 1858 waard hy kantonrjochter op It Hearrenfean, yn 1871 boargemaster fan Ljouwert en yn 1872 boppedat lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar it kiesdistrikt Ljouwert.

Bieruma Oosting troude op 12 novimber 1840 mei Agatha Victoria Brantsma.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]