Johanna Jacoba

Ut Wikipedy

De Johanna Jacoba is in beurt- en passazjiersskip fan hast 18 meter dat yn 1909 boud waard op de werf fan Bortje, Ensing & Co yn Grinslân.

Earste eigener wie Freark Faber, dy't it skip oant 1929 trije kear deis farre liet as beurt- en passazjiersskip tusken Warkum en Boalsert. Net allinnich minsken, mar ek wol fee en tsiis waard der mei ferfierd.

Yn 1929 waard Piter Sybesma út Drylts eigener dy't it seis kear deis in beurtfeart meitsje liet tusken Drylts en Snits.

Yn 1956 waard it skip ôfkard foar passazjiersfeart troch de skipfeartynspeksje. Dêrnei waard it skip ferkocht oan in famylje yn Saandam dy't it as plezierskip ferboude.

Yn 1992 waard waard it skip werom kocht troch de gemeente Wymbritseradiel. Mei op oanstean fan de Snitser begraffenisûndernimmer Jan de Boer waard it skip restaurearre en De Boer waard sels skipper op it skip. De Johanna Jacoba waard eigendom fan in Stifting mei in ploech frijwilligers.

Lanlike bekendheid krige it skip yn 1993 doe't keninginne Beatrix en har famylje in rûnfeart troch Snits makken op de Johanna Jacoba. It skip fersoarge ek dêrnei rûnfearten om Snits en Drylts hinne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]