Springe nei ynhâld

Johanna Bottema

Ut Wikipedy

Johanna Bottema (Laren, 16 april 1918 - Amsterdam, 1974 ) wie in skilder en yllustratrise. Johanna wie de dochter fan Tjeerd Bottema en suster fan Hillegonda Bottema. Wurk en ynformaasje oer de Bottema's wurdt bewarre yn it Frysk Grafysk Museum op De Jouwer.

Johanna Bottema studearre krektas har suster oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach.

Hja wenne en wurke yn Katwyk oan See, Leien en Amsterdam. Foar har biststúdzjes gie se faak nei 'Artis' te Amsterdam. Har wurk bestiet dan ek benammen út portretten fan bisten. Fierders makke se stillibbens, lânskippen en akwarellen.

Ferneamd is se wurden troch har yllustraasjes yn berneboeken en skoalboeken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]