Hillegonda Bottema

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hillegonda Bottema (Laren, 20 juny 1913 - Arnhim, 29 augustus 1968) wie keunstskilder, grafikus en yllustratrise.

Hillegonda (ek: Hil of Hill) is de dochter fan Tjeerd Bottema en suster fan Johanna Bottema. Wurk fan de Bottema's it te finen yn it Frysk Grafysk Museum op De Jouwer.

Hillegonda Bottema gie nei de Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach en krige les by Henk Meijer en George Hogerwaard. Hja wenne en wurke yn Laren, Katwyk oan See, Leien en Arnhim. Hjir hie se de lieding fan it Iepenloftmuseum.

Wylst se dwaande wie mei ambachtskeunst wurke se as frij grafikus/skilder en yllustrator, sa makke se eks-librissen. Se die histoarysk ûndersyk en publisearre hjiroer.

Ferneamd is har ûntwerp foar de bernepostsegels fan 1961.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]