Johann Jacob Engel
Johann Jakob Engel (Parchim, Mecklenburg-Schwerin, 11 septimber 1741, – 28 juny 1802) wie in Dútsk filosoof en skriuwer.
Ht studearre teology oan de universiteit fan Rostock en Bützow, en filosofy oan de universiteit fan Leipzig, dêr't er de doktersgraad helle. Yn 1776 waard er beneamd as professor moraalfilosofy en skoandere letteren oan it Joachimstal-gymnasium yn Berlyn en in pear jier letter waard er de persoanlike learaar fan de kroanprins fan Prusen, de lettere Freark Willem III.
De lessen etyk en polityk dy't er syn keninklike pupil joech, waarden 1798 publisearre mei as titel Furstenspiegel, en binne in moai foarbyld fan syn fermogen as populêr-filosofysk skriuwer. Yn 1787 waard er as lid talitten oan de Akademy fan Wittenskippen fan Berlyn en itselde jier waard er ek ditekteur fan it keninklik teater, in funksje dy't er oant 1795 ta besette soe.
Neist in tal frijwat súksesfolle drama's, skreau Engel ek ferskate boeken oer estetyske ûnderwerpen. Syn Anfangsgrunde einer Theorie der Dichtungsarten (1783) lit in ferfine smaak en grut kritysk fermogen sjen al hâld it wat ferbylding en poetysk ynsjoch oanbelanget net oer. De deselde kwaliteiten en itselde tekoart hat syn Ideen zu einer Mimik (1785), in brieveboek.
Engel syn meast populêre wurk wie Der Philosoph für die Welt (1775), dat foar it meastepart út dialogen oer minske en moraal bestiet, skreaun út it stânpunt wei fan de utilitariaanske filosofy fan dy tiid. Syn lêste wurk wie de roman Herr Lorenz Stark (1795), dy't tige súkses hie troch syn opfallende karaktertekening fan yndividuen en it oansluten by it fielen fan de middenklasse.
Engel's Sämtliche Schriften waarden yn 12 dielen publisearre yn Berlyn yn 1801-1806; in nije edysje ferskynde yn Frankfort 1851.
Oerset yn it Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Tankbre Boerezoon trog Johan Jacob Engel ynt Heegduitsk forhelle en mey foroaring yn 34 tonneelen op 't Friesch Boers fortolke - Oersetting fan Feike Hiddes van der Ploeg (Ljouwert, 1778)
- De Tankbre Boere Zoon en oar net útjown wurk - Magnus-rige 1973