Johan de Wal
Johan de Wal (Frjentsjer, 3 april 1816 - Arnhim, 7 febrewaris 1892) wie in Nederlânsk heechlearaar yn de rjochtsgeleardheid.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wal trochrûn de Grinzer Akademy wêrnei't hy promovearre yn de rjochten op it proefskrift Disquisito historica de juris civilis docenti discendique via ae ratione apud Romanos.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 28 maart 1839 waard hy beneamd as adjunkt-kommys earste klasse by it provinsjaal bestjoer fan Drinte. Yn 1841 waard hy beneamd ta substitút-offisier fan justysje by de arrondissemintsrjochtbank fan Winschoten; yn dyselde betrekking gie hy yn 1843 by de Leienske rjochtbank wurkjen, en yn 1845 waard hy befoardere ta substitút fan de abbekaat-fiskaal foar de Lân- en Seemacht, as sadanich wurkjend by it Heech Militêr Gerjochtshof yn Utert. Yn 1848 waard hy beneamd ta sekretaris-generaal by it Departemint fan Binnenlânske Saken. Net lang hjirnei waard hy beneamd ta heechlearaar oan de juridyske fakulteit fan de Universiteit fan Leien, as opfolger fan professor H.W. Tydeman, dy't mei emeritaat gie. Hy joech ûnderwiis yn de Romeinske rjochtsskiednis, it hannelsrjocht en it strafrjocht.
De Wal wurke 22 jier as heechlearaar en twa kear (yn 1850 en 1860) waard hy keazen ta rektor magnifikus. Op 1 jannewaris 1871 gie hy mei emeritaat. Hy ferhuze nei De Haach foar syn wurk yn de Steatskommisje, dêr't er de dêrop folgjende fjouwer jier wurkje soe.
Untwerp foar in Wetboek fan Strafrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1843 en 1844 krige hy de opdracht fan it regear om diel te nimmen oan de bewurking fan de destiids gearstalde ûntwerpen fan in Nederlânsk Wetboek fan Strafrjocht. Mar pas yn 1870 stelde kening Willem III fan de Nederlannen in kommisje yn foar de gearstalling fan in Nederlânsk Wetboek fan Strafrjocht, wêrfan De Wal ta foarsitter beneamd waard. Dy kommisje wie yn de simmer fan 1875 klear mei syn wurk, pas yn 1886 soe it ûntwerp fan de kommisje as Wetboek ynfierd wurde.
Oare kommisjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wal wie lid fan it bestjoer en jierren foarsitter fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde yn Leien, lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen, dêr't hy fjouwer jier (1858-1862) foarsitter wie fan de ôfdieling foar de taal-, letter-, skiedkundige- en wiisgearige wittenskippen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|