Springe nei ynhâld

Eigen Haard (tydskrift)

Ut Wikipedy
Eigen Haard (1875)

Eigen Haard wie in Nederlânsk tydskrift dat fan 1875 oant 1941 bestie.

It blêd waard oprjochte troch de Haarlemske útjouwer Arie Cornelis Kruseman. It blêd behannele ynearsten foaral ûnderwerpen út wittenskip en keunst. As ûndertitel fierde it dan ek: Geïllustreerd Volkstijdschrift. Ein 19e iuw waard it útjûn troch H.D. Tjeenk Willink. Fan 1918 ôf kaam der mear romte foar literatuer en ferdivedaasje. Om 1940 hinne wie Eigen Haard in blêd foar de hiele famylje wurden. Yn 1941 kaam der as gefolch fan de oarlochsomstannichheden in ein oan it bestean fan it blêd.

Bekende meidoggers wiene Jeronimo de Vries, Hugo de Vries, George Hendrik Breitner, Louis Couperus, Felix Timmermans en Jan Hoynck van Papendrecht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Atlas Van Stolk hat de jiergongen 1876-1893 online as E-pub foarhannen: [1]; sykje op "Eigen Haard".
  • Eigen Haard op de webside fan Keninklike Biblioteek.