Johan de Jong (fûgelkenner)

Ut Wikipedy
Johan de Jong
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 maart 1941
berteplak Drachten
stoarn 7 desimber 2022
stjerplak Drachten
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt learaar
aktyf as fûgelkenner, natoerbeskermer
jierren aktyf 19732022
reden
  bekendheid
● fûgelpraatsjes Omrop Fryslân
● publikaasjes
prizen Fryske Anjer 1999

Johan de Jong (Drachten, 26 maart 1941 – dêre, 7 desimber 2022) wie in Frysk learaar biology, fûgelkenner en amateur-ornitolooch, dy't him o sa ynsette foar wylde fûgels yn Fryslân. Sa spile er bygelyks in rol fan krúsjaal belang by de reyntroduksje fan 'e goudûle. De Jong krige bekendheid by in breder publyk troch syn skriftlike publikaasjes en fral ek troch syn fûgelpraatsjes foar de radio op Omrop Fryslân.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong waard yn 1941 yn Drachten berne en wenne letter yn Beetstersweach.[1] Hy waard learaar biology en joech jierrenlang les oan it Drachtster Lyseum. Hy wie troud en hie fjouwer bern.

Ynset foar fûgels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1973, doe't de goudûle (Tyto alba) yn Fryslân sa goed as útstoarn wie, rekke De Jong belutsen by it krewearjen om 'e fûgel yn 'e provinsje werom te bringen. Yn 1976 sette er útein mei it dwaan fan wittenskiplike nêstwaarnimmings. Dat died er yn in skûltinte op in hichte fan tsien meter, nachts fan healwei alven jûns oant healwei sânen moarns. Dêrnei gied er dan gewoan oan it wurk op skoalle.

De Jong garre in kloft entûsjaste meiwurkers om him hinne en pleatste mei dy groep hûnderten nêstkasten foar goudûlen yn 'e skuorren fan pleatsen. Troch dat krewearjen klaude dy fûgelsoarte yn Fryslân wer by de wâl op, fan miskien ien inkeld briedpearke yn 'e 1970-er jierren, oant wol fiifhûndert ein 2010-er jierren.

De Jong krige yn 1984 bredere bekendheid, doe't er in wyklikse rubryk op 'e radio begûn te fersoargjen foar Omrop Fryslân. Dêrby gie it net inkeld oer goudûlen, mar oer fûgels yn Fryslân yn it algemien. Hy hold syn radiopraatsje mear as 36 jier. Dêrnjonken publisearre er artikels oer fûgels yn kranten en tydskriften en letter krige er in fêst bloch op 'e webside fan It Fryske Gea. Fierders fersoarge er lêzings foar skoalbern en foar folwoeksenen en organisearre er ekskurzjes.

Erkenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong syn krewearjen foar fûgels krige erkenning doe't him yn 1999 troch it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân de Fryske Anjer takend waard. Yn 2008 waard er foar syn wurk mei goudûlen opnommen yn 'e World Owl Hall of Fame.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin desimber 2022 kaam De Jong yn syn berteplak Drachten, nei in perioade fan oanboazjende minnichte, te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Herstel: Johan de Jong, rektifikaasje yn de Ljouwerter Krante, 13 desimber 2022, s. 27.

  • Heemskerk, Daniël Joe, Uilendeskundige Johan de Jong overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 12 desimber 2022, s. 18.
  • gegevens oang. berte en ferstjerren: stjerberjocht Johan de Jong, yn: de Ljouwerter Krante, 10 desimber 2022, s. 36.