Springe nei ynhâld

Joerjev-Polski

Ut Wikipedy
Joerjev-Polski
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Vladimir
Sifers
Ynwennertal 17.616 (2021)
Oerflak 10 km²
Befolkingstichtens 1.809,8 ynw./km²
Hichte 140 m (sintrum)
Oar
Stifting 1152
Tiidsône (UTC+3)
Koördinaten 56° 30' N 39° 41' E

Joerjev-Polski (Russysk: Юрьев-Польский) is in stêd yn de Russyske Federaasje yn it oblast Vladimir. De stêd leit 68 kilometer fan Vladimir oan de rivier Koloksja, in sydrivier fan de Kljazma. It yn 1152 stifte Joerjev-Polski makket diel út fan de Gouden Ring fan Ruslân.

Joerjev-Polski waard yn 1152 stifte troch foarst Joeri Dolgorûki, dy't fiif jier earder ek Moskou stifte. De namme fan de stêd, oarspronklik Joerjev-Opolski, kin oerset wurde as "Joeri-stêd yn Opolje". Opolje wie eartiids de namme foar gebieten yn it noardeasten fan de Roes en betsjutte "fjild". De tafoeging tsjinne om de stêd fan it doedestiidske Joerjev, tsjintwurdich Tartu yn Estlân, te ûnderskieden.

Sint-Joariskatedraal (1230-1234)

Lykas Moskou waard Joerjev-Polski oanlein mei as kearn in kremlyn, in foar âldrussyske stêden karakteristike fêsting. Tagelyk mei de stifting fan de stêd waard de earste katedraal boud, de Sint-Joariskatedraal. De yn 1234 foltôge katedraal waard nei de ferneatiging yn de earste helte fan de 15e iuw yn 1471 yn in oare foarm wer opboud. Hjoed-de-dei stiet de katedraal noch jimmeroan yn it kremlyn fan Joerjev-Polski.

Yn de 13e iuw waard de stêd troch Tataren plondere en ferneatige. It slagge de stêd iuwen net boppe dy klap út te kommen. Nei in lang earmoedich tiidrek makke de stêd oan it begjin fan de 16e iuw wer opgong mei in nije stifting fan it earder ferneatige Aartsingel Michael-kleaster. Yn de 17e en 18e iuw waarden mear kleastertsjerken byboud. De stêd krige tanksij de hannelswei fan Sûzdal en omkriten nei Moskou wer wat betsjutting, mar bleau ek dêrnei doch in benammen agrarysk karakter hâlden.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Joerjev-Polski fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2021
befolking 5.759 15.158 16.801 22.096 21.091 22.247 19.906 19.595 17.616

Yn en om Joerjev-Polski is net in soad yndustry. De bedriuwen fan belang binne produksjebedriuwen fan libbensmiddelen en in tekstylfabryk. Sûnt it ein fan de 20e iuw spilet iit toerisme in jimmeroan gruttere rol yn de ekonomy fan it plak.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joerjev-Polski makket diel út fan de Gouden Ring fan Ruslân. De belangrykste monuminten binne:

  • De oerbliuwsels fan it kremlyn
  • Aartsingel Michaelkleaster (stifting 13e iuw)
  • Marije-Presintaasjekleaster (stifting 16e iuw)
  • Petrus- en Pauluskleaster (stifting 17e iuw)
  • Sint-Joariskatedraal (1230–1234)
  • Tsjerke fan de grutte martler Nikita (1796)
  • Foarbeatsjerke (1769)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Jurjew-Polski