Jim Clark
Jim Clark | ||
Formule 1 | ||
Jim Clark (1966) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James Clark jr | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 4 maart 1936 | |
berteplak | Fife | |
stjerdatum | 7 april 1968 | |
stjerplak | Hockenheim | |
etnisiteit | Skotsk | |
Formule 1 karriêre | ||
jieren aktyf | 1960 - 1968 | |
Teams | Lotus 1960–1968 | |
Tal races | 73 (72 starts) | |
Kampioenskippen | 2 (1963), (1965) | |
Oerwinningen | 25 | |
Tal poadia | 32 | |
tal Polepositions | 33 |
James Clark jr., better bekend as Jim Clark (Fife (Skotlân), 4 maart 1936 - Hockenheim (Dútslân), 7 april 1968) wie in Britsk Formule 1-koereur. Hy waard wrâldkampioen yn 1963 en 1965.
Oarspronklik wie in skieppeboer út Skotlân, mar al gau foel syn grutte racetalent op by teameigeners. Syn earste GP yn de Formule 1 wie de Grutte Priis fan Nederlân op it Sirkwy Zandvoort op 6 juny 1960. Clark kwalifisearre him as alfte en einige op it tolfde plak. Yn syn twadde wedstryd, de Grutte Priis fan Belgje op it sirkwy fan Spa Francorchamps, rydt hy mei in fiifde plak foar it earst yn de punten. Yn Reims werhellet er dizze prestaasje, syn earste poadiumplak hellet hy by de GP fan Portegal, efter Bruce McLaren en winner Jack Brabham. Hy slút it seizoen ôf as alfte yn de ranglist. Ienkear opnomd yn it reesteam Lotus fan Colin Chapman, boekte hy hjirmei súksessen.
Yn it jier 1963 wint hy sân fan de tsien GP's en wurdt foar it earst kampioen mei 73 punten. Twadde einige Ritchie Ginther en tredde Graham Hill beide útkommend foar BRM.
Yn 1964 wint hy de GP's fan Nederlân, Belgje, en dy fan Ingelân op it sirkwy fan Brands Hatch. Uteinlik wurdt hy tredde efter de nûmer twa John Surtees yn de Ferrari en wrâldkampioen Graham Hill yn de BRM.
1965 wie in súksesfol jier mei seis Formule 1 oerwinnings en wûn ek noch de Indianapolis 500. Clark waard kampioen mei 54 punten, twadde waard Graham Hill mei 47 punten en tredde waard de Skot Jackie Stewart mei 34 punten, beide útkommend foar BRM.
It seizoen 1966 wie minder súksesfol mei mar ien oerwinning: de GP fan Amearika op it sirkwy fan Watkins Glenn. Clark einige as seisde mei 16 punten yn it kampioenskip.
Yn 1967 wûn Clark fjouwer GP's en waard tredde mei 41 punten efter Jack Brabham en kampioen Denny Hulme.
Yn 1968 skreaun hy ien GP op syn namme, dy fan Súd-Afrika op it sirkwy fan Kyalami. Dit soe teffens syn lêste oerwinning blike. Jim Clark kaam om it libben yn in Lotus 48 by in ûngefal by in Formule 2-rees op it Dútske sirkwy fan Hockenheim yn 1968. In stikkene bân of tsjilnaaf wie der nei alle gedachten de oarsaak fan dat syn auto sa goed as op topsnelheid ûnkontrolearber waard en tsjin in beam ta stilstân kaam.
Mei de Lotus 25 en 33 waarden de wrâldtitels Formule 1 helle. Clark waard beskôge as de bêste autoracer fan syn tiid, fergelykber mei Juan Manuel Fangio yn de jierren fyftich en Ayrton Senna yn de iere jierren njoggentich. Foar in soad fans út dy perioade stie hy ek bekend as it prototype fan de 'gentleman racer'.
De Lotus 33 en 49 fan Jim Clark binne neimalke en rydber oanwêzich yn de racesimulaasje Grand prix legends.
Statistiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aktive jierren: 1960 - 1968
- Grand Prix: 73
- Pole positions: 33
- Oerwinnings: 25
- WK punten: 255
- opjeftes: 25
- snelste rûnten: 27
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jim Clark fan Wikimedia Commons. |