John Surtees
John Surtees | ||
Formule 1 | ||
John Surtees (1964) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Surtees | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 11 febrewaris 1934 | |
berteplak | Tatsfield | |
stjerdatum | 10 maart 2017 | |
stjerplak | Londen | |
etnisiteit | Ingelsk | |
Formule 1 karriêre | ||
jieren aktyf | 1960-1972 | |
autonûmmer | Lotus (1960–1961) Lola (1962) Ferrari (1963–1966) Cooper (1966) Honda (1967–1968) B.R.M. (1969) McLaren (1970) Surtees (1970–1972) | |
Tal races | 113 (111 starts) | |
Kampioenskippen | 1 (1964) | |
Oerwinningen | 6 | |
Tal poadia | 24 | |
tal Polepositions | 8 |
John Surtees MBE (Tatsfield, 11 febrewaris 1934 – Londen, 10 maart 2017) wie in Britsk motor- en autokoereur dy't der as iennichste ea yn slagge om sawol op de motor as yn in Formule 1-auto wrâldkampioen te wurden.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er fyftjin wie die Surtees al mei oan in sydspanrace wêrby't syn heit, in motorhanneler út Londen, de motor bestjoerde. Se wûnen de race, mar waarden diskwalifisearre, omdat bliken die dat er te jong wie.
Fan 1952 oant 1960 ried er yn 49 Grands Prix foar motoaren fan 350 en 500 cc; hy wûn 38 kear, ynklusyf seis kear yn de TT Assen, en waard sân kear kampioen. Yn de 113 Formule 1 - Grands Prix dêr't er yn de jierren 1960 oant en mei 1972 oan meidie, slagge it him om 24 kear op it poadium te kommen, dêrfan seis kear as oerwinner. Yn 1964 waard er wrâldkampioen yn de Ferrari 158 mei in 1500cc-motor.
Ek yn 2006 wie er noch aktyf yn de racewrâld troch syn belutsenens by it Britske A 1 Grand Prix-team.
Fan 1970 oant 1978 hie Surtees in eigen Formule 1 - team, Surtees, wêrmei 't yn totaal 118 kear oan in Grand Prix meidien waard. Mike Hailwood en Carlos Pace hellen doe elk ien kear it earepoadium.
Hy wie de heit fan autokoereur Henry Surtees. Dy ferûngelokke op 19 july 2009 op it sirkwy fan Brands Hatch (Grut-Brittannië). [1]
John Surtees ferstoar yn 2017 yn de âldens fan 83 jier yn in sikehûs yn Londen.[2]
Wrâldkampioen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Formule 1 - (1964)
- Motor 350cc - (1958, 1959, 1960)
- Motor 500cc - (1956, 1958, 1959, 1960)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|