Springe nei ynhâld

Bruce McLaren

Ut Wikipedy
Bruce McLaren
Formule 1
Bruce McLaren (1966)
Bruce McLaren (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBruce McLaren
nasjonaliteit Nijseelânsk
bertedatum30 augustus 1937
berteplakAuckland
stjerdatum2 juny 1970
stjerplakGoodwood
etnisiteit Skotsk
Formule 1 karriêre
jieren aktyf1958 - 1970
TeamsCooper (1958–1965)
McLaren (1966–1970)
Tal races104 (100 starts)
Oerwinningen4
Tal poadia27
ekstraOprjochter fan McLaren F1

Bruce McLaren (Auckland, 30 augustus 1937 - Goodwood, 2 juny 1970) wie in auto-koereur út Nij-Seelân en ek designer en útfiner. Dêrneist wie hy oprjochter fan it Formule 1 team McLaren, mei 19 wrâldtitels ien fan de meast súksesfolle autosportteams ea.

Bruce McLaren wie al op jonge leeftyd ynteressearre yn auto's; benammen dy fan it snelle soarte. Sûnt er tegearre mei syn heit in Austin 7 Ulster restaurearre hie, soe dat de start wêze fan in karriêre yn de autosport.

Foar it earst útkommend yn de New Zealand International Grand Prix, kaam McLaren yn kontakt mei Jack Brabham; in koereur útkommend yn it team fan Cooper. Brabham soarge derfoar McLaren in plek yn it Cooper Formule 2 team krige.

Op 2 juny 1970 sloeg it needlot ta. Tidens it testen fan een Can-Am auto op it Goodwood sirkwy yn Ingelân gie it ferkeard en spinde de auto fan de baan. De auto crashte mei hege snelheid op in betonnen platfoarm en de bestjoerder Bruce McLaren kaam hjirby om it liben.

  • Eoin Young, Jack Brabham: McLaren Memories: A Biography of Bruce McLaren. J. H. Haynes & Co Ltd, 2005, ISBN 1844251195.