Europeeske moeflon
Europeeske moeflon | ||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
raam. wyfke. | ||||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
ûndersoarte | ||||||||||||||
Ovis gmelini musimon | ||||||||||||||
Pallas, 1811 | ||||||||||||||
IUCN-status: bedrige | ||||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
De Europeeske moeflon (Ovis gmelini musimon of Ovis orientalis musimon) is in skieppesoarte, dy't by de yntroduksje fan it skiep yn Europa ferwyldere en no in wyld en skou bist is. It is de meast westlike en lytste ûndersoarte fan 'e moeflon (Ovis gmelini). In diel fan 'e saakkundigen beskôget de moeflon sels as in ûndersoarte fan it wylde skiep (Ovis orientalis).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Europeespke moeflons binne 120 sm lang, ha in skofthichte fan 90 sm, in gewicht fan 25 oant 40 kg by eien en 35 oant 55 kg by rammen.
Europeeske moeflons ha koart hier. De rammen binne simmerdeis readbrún en ha meastentiids in wite sealflek, wylst de eien brúneftich binne. Winterdeis binne beide geslachten donkerder. Rammen ha hoarns dy't nei efteren ta kromje oant sa'n 80 sm lang. De eien op Sadyne ha hielendal gjin hoarns, wylst dy op Korsika hoarns ha dy't licht nei efter ta bôgje.
As oarspronklike bewenner fan beamleaze gebieten boppe de beamgrins is it sicht fan 'e moeflons goed ûntwikkele. Mei harren eagen op 'e side fan 'e kop kinne de moeflons sûnder mei de kop te draaien de omjouwing goed yn 'e gaten hâlde. Se binne yn steat om minsken op in goede 1000 m noch waar te nimmen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt oarspronklik foar op Sardynje en Korsika. De moeflon is de stamheit fan it nuete skiep en libbet yn bosk en op berchgreiden. Yn oare dielen fan Europa is de moeflon letter ynfierd, lykas yn 'e Belgyske Ardinnen, Sauerland en yn Nederlân. Op Syprus libbet op 'e besibbe Syprioatyske moeflon.
Yn 'e 17e iuw waarden lytse oantallen op oare plakken as Sardynje en Korsika útset. Sûnt 1921 libbe der op 'e Feluwe ek in populaasje yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe en it Wekeromske Sân. Oan wat jierren tebek libbe der ek noch in lytse populaasje yn 'e Amsterdamske Wetterliedingsdunen. De lêste natuerlike populaasjes op Korsika en Sardynje waarden yn 'e jierren 1960 bedrige en bestiene út mar in pear hûndert bisten. Troch beskerming en maatregels tsjin de jacht en streuperij binne de oantallen op Korsika en fral op Sardynje foars tanommen (Korsika 2010: 800 moeflons, Sardynje 2015: 6.000 moeflons).
Nederlânske moeflons
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant foar koart kaam de moeflon ek yn Nederlân op 'e Feluwe foar. Se wiene yn 1921 troch Anton Kröller útset foar de jacht en de diversiteit fan 'e natoer. It die lykwols ek bliken dat de moeflons tige brûkber wiene by it iepen hâlden fan 'e heidefjilden. De moeflons rêden harren bêst en sa ûnstie der in wylde populaasje fan likernôch 270 moeflons yn 2021, dy't yn twa groepen yn it park libben. De Hege Feluwe rôp it jier 2021 út ta it "Jier fan 'e Moeflon" en prize de moeflon foar syn effisjinte wurk om de heide en sânflaktes iepen te hâlden.[1][2] Ek is der in feriening dy't der foar krewearret om de moeflon langer net as eksoat te behanneljen mar it skiep op 'e list fan lânseigen soarten te setten, wêrmei't de soarte ek beskermd wurde kin.[3]
Mei de komst fan 'e wolf op 'e Feluwe binne de moeflons yn it wyld sa goed as útroege.[4]. It oantal moeflons dat noch libbe is efter rasters en in hek mei stroom set op in likernôch 80 ha grut stik grûn. Yntusken hat al bliken dien dat de rasters en it skriktried de wolven net bûten hâld. Foar it iepen hâlden fan 'e heide wurde hjoed-de-dei gewoane kij ynset.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Sûchdiere-ûndersoarte
- Skiep (skaai)
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Bosnje-Hertsegovina
- Eksoat yn Bulgarije
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Eastenryk
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Kroaasje
- Eksoat yn Lúksemboarch (lân)
- Eksoat yn Hongarije
- Eksoat yn Itaalje
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Servje
- Eksoat yn Sloveenje
- Eksoat yn Slowakije
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn Switserlân
- Eksoat yn Tsjechje