Springe nei ynhâld

Syprioatyske moeflon

Ut Wikipedy
Syprioatyske moeflon

raam

ei
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift evenhoevigen (Artiodactyla)
famylje holhoarnigen (Bovidae)
skaai skiep (Ovis)
soarte moeflon (Ovis gmelini)
ûndersoarte
Ovis gmelini ophion
Blyth, 1841
IUCN-status: bedrige

De Syprioatyske moeflon (Ovis gmelini ophion) is in bedrige ûndersoarte fan 'e Europeeske moeflon. De ûndersoarte is endemysk op it eilân Syprus en komt allinne yn de Pafos-bosk foar. It is it grutste bist op it eilân en fanwegen de seldsumens wurdt de Syprioatyske moeflon as it nasjonale dier fan Syprus beskôge.

Oannommen wurdt dat de Syprioatyske moeflon de wylde ôfstammeling is fan 'e skiep, dy't fan Aazje troch de Eteosyprioaten yn it neolitikum op Syprus yntrodusearre waarden. Der binne lykwols ek guon dy't tinke dat de moeflons der lykas de lang lyn útstoarne dwerchnylhoarsen en dwerchoaljefanten altiten west ha.

De Syprioatyske moeflon balansearre troch de yntinsive jacht sûnder beheinings op 'e moeflons yn 'e Ottomaanske tiid op 'e râne fan útstjerren. Doe't de Britten" it bestjoer fan it eilân oernamen wiene se mei in populaasje fan noch mar 15 bisten hast útroege. Sûnt binne der beskermingsmaatregelen nommen tsjin de streuperij en yn 1939 waarden alle bosken om Pafos hinne hielendal sletten. Nei 1960 binne der oanfoljende maatregels nommen om de Syprioatyske moeflons te beskermjen. Yntusken binne der wer sa'n 3.000 bisten. Sûnt it útstjerren fan de Mesopotamyske deim op Syprus yn 'e 19e iuw is de Syprioatyske moeflon it grutste bist op it eilân.

Syprioatyske moeflons ha koart hier, in brune kleur mei ljochtgriis op 'e rêch en swart op in diel fan 'e nekke. Ramen ha grutte hoarns, dy't by de eien ûntbrekke. De kromming fan 'e hoarns fan in folwoeksen raam is hast hielendal yn in sirkel. In raam weecht trochstrings 35 kg en in ei likernôch 25 kg. In Syprioatyske moeflon wurdt likernôch in meter heech.

Winterdeis is de facht swier en ticht. Simmerdeis is dat oarsom en is de facht ek ljochter om de waarmte better te fernearen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Syprioatyske moeflon is tige hoeden, skou en fluch en it bist is dreech benei te kommen. Se bewege harren linich op 'e steile hellings. De ramen ha oanstriid om harren ôf te sûnderjen, wylst de eien faak yn lytse groepkes libje. Yn april en maaie lamje de eien, meastentiids krije se ien of twa lammen de smeet.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mexican duck