Springe nei ynhâld

Jentje van der Sloot

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jentsje van der Sloot)

Jentje van der Sloot (Skalsum, 1881 - Huzum, 1962) wie in keunstskilder dy't earst mei 78 jier syn earste útstalling hie. Hy wie de broer fan Andries van der Sloot en omke fan Bauke van der Sloot.

Hy wie ûnder mear hotelhâlder yn Stiens en Makkum, hanneler yn lânbou-ark, notarisklerk yn Moarrewâld, strjittefotograaf en hie in winkel yn porslein en diggelguod. At er, 77 jier âld, him yn in pensjon "Anondrust" yn Ljouwert nei wenjen set begjint er te skilderjen.

Van der Sloot wie autodidakt en nayf skilder en waard ûntdutsen troch Livinius van der Bundt, direkteur fan de Frije Akademy yn De Haach nei't er troch Diet Huber attendearre wie op it wurk. Syn broer Anders wie net ûnder de yndruk fan syn wurk; hy hat lykwols net mear meimakke dat it wurk fan Jentsje yn Ljouwert, Basel en Itaalje útstald west hat en wurdearring fûn hat. Sjoerd de Vries hat him syn grutte foarbyld en 'de Keizer fan de Sneinsskilders' neamd.

Van der Sloot stoar oan kanker yn Huize Avondrust yn Huzum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: