Bouke van der Sloot
Appearance
(Trochferwiisd fan Bauke van der Sloot)
Bouke van der Sloot (Frjentsjer, 16 oktober 1908 - Ljouwert, 21 april 1995) wie in etser en keunstskilder, soan fan Andries van der Sloot. Hy wie autodidakt en hat in libbenlang wurke en wenne yn Ljouwert.
Hy tekene en skildere lânskippen (mei fee), doarpsgesichten, stillibbens en portretten op ympresjonistyske wize. Fierders makke er wol yllustraasjes wurk foar kalinders. Krige yn Fryslân benammen bekendheid trochsyn meiwurking oan de jierlikse moannekalinder fan it Ynstitút foar Lânbou-Koöperaasje. Wurk fan him waard oankocht troch it Ryk, de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert. Makke ûnder oare portretten fan E.B. Folkertsma en Douwe Kalma. Ek it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld hat wurken fan him.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|