Springe nei ynhâld

Jehannestsjerke (Toppenhuzen)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Toppenhuzen
adres Tsjerkebuorren 1
koördinaten 53° 00' N 5° 41' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jehannes de Doper
Arsjitektuer
boujier 1695
Toer: 1817
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39808[1]
Webside
PKN-gemeente Toppenhuzen-Twellegea
Kaart
Jehannestsjerke (Fryslân)
Jehannestsjerke

De Jehannestsjerke yn Toppenhuzen yn 'e gemeente Súdwest Fryslân is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Toppenhuzen-Twellingea. De tsjerke is in ryksmonumint.

De tsjerke ferfong in midsiuwske tsjerke dy't foar de reformaasje oan Jehannes de Doper wijd wie en ta de Johaniter kommanderij yn Snits hearde.

Tinkstien oan de earste stienlizzing fan de tsjerke

Op 22 july 1695 waard foar de hjoeddeiske tsjerke de earste stien lein troch Zeino Joachim fan Burmania (1681-1710), soan fan de grytman fan de gritenij Wymbritseradiel Sjuck Gerold Juckema fan Burmania (1652-1720).

De sealtektoer bleau ynearsten bestean, mar waard yn 1817 ek ferfongen troch de hjoeddeiske toer mei in ynsnuorre spits. Yn 1831 waard de tsjerke oan de eastlike kant langer makke en in gevelstien betinkt it iepenjen fan in yngong yn de westlike toer.

De eardere pastorij oan de Tsjerkebuorren 43 waard yn 1866 boud neffens in ûntwerp fan A. Breunissen Troost en is ek in ryksmonumint.[2]

Yn 'e toer hinget in klok fan Geert fan Wou út 1483. It mechanyske oerwurk datearret fan 1816.

It oargel waard yn 1909 boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. It ferfong doe in âlder oargel út 1821 fan Albertus fan Gruisen. It oargel waard yn 2003 restaurearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • R. Steensma "It Bestek fan de yn 1695 nij to bouwen tsjerke yn Toppenhuzen(1969)"
  • J. van der Bij "Pastoars, dûmnys en tsjerkefolk yn Top & Twel"

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: