Jasmine Aloha

Ut Wikipedy
Jasmine Aloha
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1970
berteplak ? (Hawaï)
etnisiteit Hawaïaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19942003 & 2013
offisjele webside
gjint

Jasmine Aloha, echte namme ûnbekend (Hawaï, ±1970), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise fan Hawaïaansk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte wie hja ûnder har karriêre 1.60 m lang, mei in gewicht fan 47 kg en kupmaat 36DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jasmine Aloha is hikke en tein op Hawaï. Hoewol't se gauris rollen fan Aziatyske froulju en Latina's fertolke hat en ek frij geregeldwei neaken posearre hat foar neakenblêden dy't har spesifyk taleine op dy kategoryen froulju, is se eins fan Polynezysk komôf.

Aloha sette har karriêre útein as gewichthefster en bodybuildster, en wûn datoangeande ferskate prizen. Letter begûn se as neakenmodel te wurkjen, wêrby't se de titel Miss Nude Honolulu ferovere. Yn 'e earste helte fan 'e jierren njoggentich ferfear Aloha fan Hawaï nei Miami, yn 'e steat Floarida, dêr't se yn 1994 har debút makke yn 'e pornografyske film New Cummers 10, yn in sêne mei akteur Randy West.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Aloha neitiid yn mear as fjirtich pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Anabolic Video, Evil Angel en VCA Pictures. Ek wurke se wol foar minder bekende studio's, lykas Napali Video en Helen Duval Entertainment. Har meast ferneamde film wie nei alle gedachten John Wayne Bobbitt Uncut, it pornofehikel fan John Wayne Bobbitt, in Amerikaan dy't ferneamd waard doe't syn frou Lorena syn penis derôf snie wêrnei't dy der letter yn it sikehûs wer oan naaid waard.

Yn 2003 loek Aloha har út 'e Amerikaanske pornoyndustry werom, mar yn 2013 makke se in comeback, as webcamgirl foar de ynternetside Naked.com.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: