Janny van der Molen
Janny van der Molen (Burgum, 11 oktober 1968) is skriuwster fan benammen Nederlânsktalige berne- en jeugdboeken. Har wurk is it bêste te omskriuwen as ‘ferheljend non-fiksje’.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Janny van der Molen is opgroeid yn Burgum. Nei de Skoalle foar de Sjoernalistyk yn Utert hie Van der Molen ferskate kommunikaasjebanen by tal fan maatskiplike organisaasjes, dêrneist folge sy in stúdzje sosjaal-kulturele teology oan de Universiteit fan Amsterdam, dy't se yn 2001 ôfmakke mei in stúdzje oer de ynfloed fan Carl Gustav Jung op it tinken fan Etty Hillesum. Van der Molen is in pear jier aktyf west yn 'e PvdA as steate- en gemeenteriedslid. Letter die sy in stúdzje geastlike fersoarging oan de Rijksuniversiteit van Groningen. Se wennet yn De Knipe mei har man en sy hawwe twa bern.
Yn 2007 ferskynde Van der Molen har earste berneboek Over engelen, goden en helden – ferhalen út de grutte wrâldreligy's. Mei har ferhalen wol de skriuwster graach bern by de maatskippij belûke en harren ynspirearje om it bêste út harsels en út oaren te heljen. Van der Molen skriuwt ek foar folwoeksenen. Yn 2014 kaam har boek Ik zou lang willen leven út, in biografy fan Etty Hillesum, dy't har al by har stúdzje ynspirearre.
Njonken skriuwer is Van der Molen sûnt 2021 wurksum as algemien, net-bûne geastlik fersoarger binnen de psychiatry.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2022 Vergeet mij niet, Anne Franks vrienden en vriendinnen (Utjouwerij Ploegsma yn'e mande mei de Anne Frank Stichting)
- 2019 It deiboek, Afûk
- 2018 Heldinnen!, Ploegsma
- 2018 De trije klokketiers fan Koartsweagen en De drie klokketiers, Bornmeer
- 2017 Grote gevoelens, ferhalen oer psychology (Utjouwerij Ploegsma)
- 2015 Geniaal, Ploegsma
- 2014 Grote gedachten, ferhalen oer filosofy, Ploegsma
- 2014 Altijd feest, Ploegsma
- 2014 Ik zou lang willen leven, it ferhaal fan Etty Hillesum (Utjouwerij Balans)
- 2013 Buiten is het oorlog. Anne Frank en haar wereld (Utjouwerij Ploegsma, yn gearwurking mei de Anne Frank Stichting)
- 2012 Over vroeger en nu - ferhalen by de Nederlânske kanon, mei Agave Kruijssen en Martine Letterie
- 2011 De geluksbrenger, mei Arend van Dam en Akky van der Veer (Friese Pers Boekerij)
- 2011 Een portret schrijf je zo (foar folwoeksenen)
- 2010 It Fleanwûnder / Het Vliegwonder (Utjouwerij Bornmeer)
- 2009 Helden! Mensen die de wereld mooier maakten
- 2008 Het licht schijnt overal
- 2008 Etty Hillesum in context
- 2007 Over engelen, goden en helden – ferhalen út de grutte wrâldreligy's
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2008 Vlag en Wimpel foar Over engelen, goden en helden – ferhalen út de grutte wrâldreligy's
- 2008 Earfolle fermelding Jenny Smelik Ibbyprijs foar Over engelen, goden en helden – ferhalen út de grutte wrâldreligy's
- 2010 Nominaasje Berneboekewinkelpriis foar Helden! Mensen die de wereld mooier maakten
- 2020 De oanrekommandaasjepriis foar berne- en jeugdboeken White Raven fan de Internationale Jugendbibliotheek München foar It deiboek
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2009 Om änglar, gudar och hjältar – Berättelser ur de stora världsreligionerna, oersetter Boerje Bohlin
- 2013 Outside it’s war. Anne Frank and her world, oersetter Eugenie Martens
- 2015 Herrn Swart brummt der Schädel, oersetter Rolf Erdorf
- 2015 La vie d'Anne Frank, oersetter Emmanuèle Sandron
- 2015 O mundo de Anne Frank, oersetter Alexandra de Vries
- 2016 Afuera está la guerra. Ana Frank y su mundo, oersetter Diego Puls
- 2016 Grote Gedachten, ferskynde yn Korea (Lime)
- 2019 Buiten is het oorlog, yn it Japansk ferskynd, fertaald troch Yumi Nishimura (Iwanami Shoten)
- 2020 Fuori c'è la guerra. Anne Frank e il suo mondo (Italjaansk) (Einaudi Ragazzi)
- 2021 Büyük düsünürlerle. Felsefe yolculugu (Turksk), fertaald troch Gülçin Erkman (Epsilon)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan Janny van der Molen www.jannyvandermolen.nl
- Artikel Ljouwerter Krante oer Buiten is het oorlog, Anne Frank en har wrâld [1]
- Artikel Ljouwerter Krante oer De geluksbrenger, [2]