Jan Meekhof

Ut Wikipedy

Jan Meekhof (Ruinen, 9 novimber 1922 - Utert, 17 april 1994) wie yn de Twadde Wrâldkriich lid fan de NSB en yn tsjinst fan de SS.

Tegearre mei Fransoos Exaverius Lammers, Zacharias Sleijfer, Abraham Kaper en Lucas Bunt stie Meekhof op in tige minne namme yn Fryslân. Hy naam diel oan de eksekúsjes by Hjerbeam yn novimber 1944 en yn Dokkum op jannewaris 1945. Yn Hjerbeam waarden trije manlju deasketten as wraak foar it struien fan kopspikers op de rykswei Ljouwert-Harns troch it ferset. De eksekúsje yn Dokkum telden 20 slachtoffers. It wie de ferjilding fan in befrijingsaksje fan it ferset by De Falom op in finzenentransport, wêrby't twa twa Dútsers omkamen. Meekhof skeat op 29 jannewaris 1945 ek de fersetsman Johannes Kolf dea, doe't er him fersette tsjin syn arrestaasje.[1]

By de befrijing naaide Meekhof út, maar hy waard yn Woerden oppakt. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Meekhof op 19 novimber 1946 feroardiele ta de deastraf. Dat wie ek it earste deadsfonnis fan it Bysûnder Gerjochtshôf yn Ljouwert. Meekhof krige yn 1947 lykwols graasje en syn straf waard om set yn in libbenslange finzenisstraf.[2] Yn 1959 waard er frijlitten.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Paul van de Water: In dienst van de nazi's. Gewone mensen als gewelddadige collaborateurs. Utjouwerij Omniboek, Utert, 2020. ISBN 978-9401916097

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Oorlogsbronnen
  2. Gratie voor Meekhof, Nieuwsblad van Friesland, 18-08-1947