Jan Hondong
Jacobus Johannes Hondong (Grave, 10 july 1893[1] – Ede / Bennekom[2], 14 juny 1968[3]) wie in Nederlânsk fleander en loftfeartpionier yn tsjinst fan de KLM. Hy is ferneamd wurden as gesachfierder op de saneamde 'krystflecht' fan de fleanmasine Snip nei Nederlânsk West-Ynje, fan 15 o/m 22 desimber 1934. Dêrmei waard de grûnslach lein foar it West-Indisch Bedrijf (WIB) fan de KLM.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hondong helle 12 july 1921 syn militêr fleanbrevet en kaam 18 febrewaris 1925 yn tsjinst fan de KLM.[4] Yn 1929 makke er syn earste flecht nei Nederlânsk-Ynje.
Yn 1934 waard de Fokker F.XVIII PH-AIS Snip tarist fan de KLM mei seis ekstra brânstoftanks om sa de Atlantyske Oseaan oerstekke te kinnen. Hondong fleach dêrnei mei twadde piloat Jan J. van Balkom, radiotelegrafist Simon van de Molen[5] en boardwurktúchkundige Leonardus D. Stolk oer Marseille, Alikante, Kasablanka, Porto Praia yn skraachwurk 17 oere nei Paramaribo. Op 22 desimber kaam er oer Fenezuela (La Guaira) oan op fleanfjild Hato op Kurasau. Alle bemanningsleden krigen in Keninklike ûnderkieding foar dy prestaasje.[6] De ûndernimming waard lykwols beskade troch it ûngemak mei de Douglas DC-2 Uiver op 20 desimber 1934.[7]
Yn 1935 hie Hondong sels in ûngemak mei de DC-2 PH-AKM Maraboe; op de weromreis fan Nederlânsk-Ynje, kaam it tastel te hurd del op de hobbelige lâningsbaan fan Bushehr. It tastel makke in skower en fleach yn de brân. Alle passazjiers koene harsels rêde, mar de post gie foar 3/4 part ferlern.[8]
Yn 1936 die Hondong mei oan in wedstriid tusken de Amerikaanske sjoernalist Herbert Roslyn "Bud" Ekins oan de iene kant, en de ek Amerikaanske sjoernalisten Leo Kieran en Dorothy Kilgallen oan 'e oare kant. Sy woene de wrâld omreizgje. Ekins reizge tusken Europa en Yndoneezje mei in KLM-fleantúch, mei Hondong as gesachfierder, dat nei Batavia fleach. De oaren fleagen mei Imperial Airways. Ekins kaam as earste oan.
Yn de jierren fyftich joech Hondong lieding oan de ferkearslieding op Schiphol. Yn 1955 gie er mei pinsjoen.
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In 2004 is er op Kurasau een koarte spylfilm makke oer de earste fleanreis nei de West mei de Snip. De film waard diels opnaam yn it Curaçao Museum yn Otrobanda by Willemstêd, dêr't sûnt 1992 de yn Nederlân restaurearre cockpit fan dat fleantúch útstald wurdt. De rol fan Jan Hondong yn de film waard spile troch de op Kurasau bekende helikopterpiloat en auteur George S.D. Tielen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|