Jan Ensing
Jan Ensing | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 maart 1819 | |
berteplak | Grins | |
stoarn | 19 desimber 1894 | |
stjerplak | Flaardingen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder, tekener en litograaf (figueratyf) | |
offisjele webside | ||
RKD, Jan Ensing |
Jan Ensing, ek wol Jan Ensingh (Grins, 10 maart 1819 – Flaardingen, 19 desimber 1894) wie in Nederlânske skilder, tekener, litograaf en ûnderwizer dy't benammen bekend wie fan syn portretten.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ensing waard yn 1819 yn Grins berne as soan fan winkelman en keapman Jan Ensing en fan Geertje Kuipers. Hy krige dêr syn keunstoplieding by it genoatskip Minerva fan de tekenlearaar Jacob Bruggink (1801-1855) út Amsterdam.
Yn 1840 wûn syn skilderij Kunstgevoel - Pictura's doel, mei de ôfbylding fan de jachtweide fan in doarpsherberch, de priis dy't troch it Kunstlievend Genootschap Pictura útlooft waard. Ek yn 1842 wûn er dy priis fan Pictura no mei syn ynstjoering Paarden in het wet. Yn 1850 waard Ensing sels dosint oan de Akademy Minerva. Dêrneist joech er ek les oan ferskate skoallen yn Grins. Fan 1861 -1872 wied er ferbûn oan de skoalle foar juffers, fan 1864 oant 1891 dosearre er ek oan de rykskweekskoalle en fan 1879 oant 1891 oan de ryksnormaalskoalle. As keunstner makke er lânskippen, steds- en doarpsgesichten, figuerfoarstellingen en portretten. Fan 1841 oant 1893 wie er lid fan it Grinzer Kunstlievend Genootschap Pictura, dêr 't er yn 1874 fan keazen waard ta bestjoerslid.
Ensing boaske op 27 april 1842 mei de ek yn Grins berne Catharina Jager. Harren dochter troude mei in Flaardingske reder en hjerringkeapman. By syn besites oan Flaardingen makke er tsientallen sketsen fan fiskers en fiskersfroulju. Ek makke hy dêr meardere topografyske ôfbyldingen. In part fan dy tekeningen is opnaam yn de Atlas Van Stolk. Syn soan Johannes wie dokter op Teksel en yn Schagen. Yn beide plakken makke Ensing ek tekeningen. Hy wenne op 'e ein fan syn libben by syn dochter en skoansoan yn Flaardingen. Hy ferstoar dêr yn desimber 1894 yn de âldens fan 75 jier en waard beïerdige op it begraafplak Emaus.
Yn de stêd Grins is it pân Hofstraat 20 ta gemeentlik monumint ferklearre, mei om 't it hûs fan 1842 oant 1893 bewenne waard troch "de bekende Grinzer tekener, skilder en ûnderwizer Jan Ensing". It pân krige yn it begjin fan de 20e iuw in nije foargevel, mar bouhistoarisy koene oan de hân fan twa akwarellen dy 't Ensing yn 1882 fan it pân makke goed neigean hoe 't it der dêrfoar fan bûten en foar in part binnendoar útseach.
Yn de Grinzer wyk Hoogkerk is in strjitte nei him neamd: de Jan Ensinglaan.
Kolleksjes en útstallingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meardere Nederlânske musea hawwe wurk fan Ensing yn harren kolleksjes. It Noardlik Skipfeartmuseum hat in troch Ensing yn 1835 makke skets fan in Grinzer seeman. It Museum Vlaardingen hat yn de kolleksje in oaljeferveskildering mei dêrop ôfbylde de Flaardingske reder Jacob den Breems. It Grinzer Museum hat de troch him skildere portretten fan syn dochter en syn skoansoan, in Flaardingske reder.
Yn 1981 waard yn it universiteitsmuseum fan Grins in tentoanstelling oan it wurk fan Ensing wijd. Foar dy gelegenheid skreau J. Schuller tot Peursum-Meijer Jan Ensing 1819 -1894. Tekenaar, schilder en onderwijzer te Gronigen. Tegearre mei Rudi Ekkart skreau hja ek de katalogus 'Grinzer akademyportretten' mei ûnder oaren de portretten dy't troch Ensing makke binne. Earder wiene ferskate fan syn tekeningen te sjen by tentoanstellingen yn 1925 oer Grinzer tsjerken, kleasters, gasthuzen en kleasterhuzen en oer it Grinzer folkslibben yn de midden fan de 19e iuw yn it Museum fan Aldheden.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Wever en spinner (1839)
-
It Reade Weeshûs yn Grins in 1839
-
It bekroande skilderij Kunstgevoel Pictura's doel (1840)
-
Portret fan de Flaardingske reder Jacob den Breems (1851)
-
Portret fan Jacobus de Rhoer (1854)
-
Portret fan Paulus Kikkert (1863)
-
Portret fan Agatha Kikkert-Ensing (1863)
-
Logger aan de kade (tusken 1865 en 1881)
De portrettegalery fan de Ryksuniversiteit Grins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As portretskilder waard Ensing yn 1854 oansocht om de portretten te skilderjen fan de njoggentjin doetiidske professoaren by gelegenheid fan de nijbou fan it akademygebou yn 1850. It wie it begjin fan de portrettegalery fan de Ryksuniversiteit Grins dy't yn de Senaatskeamer fan it hjoeddeiske Akademygebou út 1909 sit. Ta de troch him portrettearre heechleararen hearre ûnder oaren:
-
Hendrik Nienhuis
-
Jacobus de Rhoer
-
Herman Muntinghe
-
Josué Jean Philippe Valeton
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Schuller tot Peursum-Meyer, Drs. J.: Jan Ensing 1819-1894. Tekenaar, schilder en onderwijzer te Groningen, Grins, Universiteitsmuseum, (1981)
- Ekkart, R.E.O. en J. Schuller tot Peursum-Meijer: Groninger academieportretten: catalogus van de portretten in het Academiegebouw en de Bibliotheek der Rijksuniversiteit te Groningen, utj. Van der Kamp, Grins, (1978)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Ensing fan Wikimedia Commons. |