Jan Decleir

Jan Decleir (14 febrewaris 1946) is in Flaamsk akteur en grafikus, dy't in miljoenenpublyk berikte troch syn optredens yn spylfilms.
Akteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy debutearre as filmakteur in 1971 yn de produksje Mira fan Fons Rademakers. Hjiryn wie de tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. By bern is Decleir benammen bekend as Sinterklaas yn it berneprogramma Dag Sinterklaas en de film Het Paard van Sinterklaas. Oare opfallende rollen spile Jan Decleir ûnder mear yn de foar in Oscar nominearre film Daens, Camping Cosmos en Karakter.
Jan Decleir krige ferskate ûnderskiedings foar syn aktearwurk. Sa krige de film Antonia dêr't er yn meispile in Oscar, krektas Karakter. Hy hie ynternasjonaal bekender wurde kind, mar hy liet de rol fan smjunt yn de Bond-film The World Is Not Enough oan him foarby gean omdat er it toanielspyljen wichtiger fûn. Foar It Skaad fan Bonifatius spile er de rol fan Bonifatius.[1]
Yn 2005 einige er op nr. 13 by de Flaamske ferzje fan de ferkiezing fan De Grootste Belg.
Yn 2010/2011 spile er de rol fan Lusifer yn de foarstelling fan Theater Zuidpool wêrby't Vondels treurspullen Lusifer en Adam in ballingschap mei-inoar kombinearre waarden ta in oardeloere duorjende foarstelling. [2] Yn 2011 wegere er de Gouden Earepinning fan de Flaamske Mienskip.
Op 7 april 2011 krige er fan de Universiteit Antwerpen in earedoktoraat. [3] Yn maaie 2012 naam er de Prijs van de Vlaamse Gemeenschap voor Algemene Culturele Verdienste oan.
Grafikus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Decleir, dy't foar syn toanieloplieding inkelde jierren les folge op de Akademy fan Antwerpen, hat ferskate útstallingen op syn namme brocht. Hiel wat jierren wurke er geregeld gear mei Fred Bervoets en Hugo Claus. Dat resultearre yn ferskate útstallings yn Galery De Zwarte Panter. Ek as grafikus makke Jan Decleir him al fertsjinstlik. Yn 2006 ferskynde by Ergo Pers de nije dichtbondel fan Erwin Mortier, Voor de Stad en de Wereld. Foar dy eksklusive útjefte makke Jan Decleir fjouwer etsen.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

- Dikkie Dik en de verdwenen knuffel (2024), ferteller
- De Familie Claus 2 (2021), as Noël Claus
- De Familie Claus 2 (2021), as Noël Claus
- De familie Claus (2020) as Noël Claus
- Niet Schieten (2018) Albert Van den Abiel (Petje)
- De Ideale Wereld (2018) as Kapitein Vagius
- Ce Magnifique Gâteau! (2018) as de kening (stim)
- Tytgat Chocolat (2017) as Achille Verherstraeten
- Den Elfde van den Elfde (2016) as Hubert Geunings
- Ay Ramon! (2015) as Sinteklaas
- De surprise (2015) as Muller
- Flying Home (2014) as Jos Pauwels
- Met Man en Macht (2013) as Tony Verelst
- Nova Zembla (2011) as Petrus Plancius
- Marieke Marieke (2010) as Jacoby
- It Skaad fan Bonifatius (2010)
- Oh no! It's a woman. (2010)
- Ob ihr wollt oder nicht! (2009) as Henning
- Les Barons (2009) as Lucien
- Soeur Sourire (2009) as Lucien Deckers
- Limo (2009) as professor Bang
- Stellenbosch (2008) as Bernard Castel
- Loft (2008) as Ludwig Tyberghein
- Waar is het paard van Sinterklaas? (2007) as omke Siem en Sinterklaas
- Man zoekt vrouw (2007) as Leopold
- Firmin (2007) as Freddy White
- Blind (2007) as Dr. Victor Verbeecke
- Wolfsbergen (2007) as Ernst
- Koning van de Wereld (2006) as de trener Max
- Kruistocht in spijkerbroek (2006) as de Greve fan Rottweil
- Zondvloed (2006)
- Verlengd weekend (2005) as Jos
- Het Paard van Sinterklaas (2005) as omke Siem en Sinterklaas
- Een ander zijn geluk (2005) as Johnny De Flow
- Off Screen (2005) as John Voerman
- De Kus (2004) as de heit
- Matin calme (2004) as Jan
- Edelweißpiraten (2004) as Ferdinand Kütter
- De Passievrucht (2003) as Huib Minderhout
- L'Autre (2003) as de gynekolooch
- De zaak Alzheimer (2003) as Angelo Ledda
- Vlucht der verbeelding (2003)
- Tijl Uilenspiegel (2003)
- SuperTex (2003) as Simon Breslauer
- Rosenstrasse (2003) as Nathan Goldberg
- Piratenplaneet de schat van Kapitein Flint (2002) as John Silver
- Hop (2002) as Frans Misonne
- Villa des roses (2002) as Brizard
- Stille Waters (2001) as Stan Moereels
- De Verlossing (2001) as Oscar
- De Omweg (2000) as Joanna har heit
- Mariken (2000) as Archibald
- Lijmen/Het been (2000) as Judge Teugels
- Running Free (1999) as de Boss Man
- Kruimeltje (1999) as Heit Keyzer
- Shades (1999) as Freddy Lebecq
- Damiaan (1999) as biskop Köckerman
- Taming the Floods (1999)
- S. (1998) as freon fan de mem
- Karakter (1997) as Dreverhaven
- Camping Cosmos (1996) as Harry syn freon
- Kulderzipken (1995 - 1996) as Koning Jozef
- Antonia (1995) as Boer Bas
- Dag Sinterklaas (1993-1994) as Sinteklaas
- Beck - De gesloten kamer (1993) as Martin Beck
- Daens (1993) as Preester Daens
- Anchoress (1993) as Mason
- Dilemma (1990) as Leon Bekkers
- Koko Flanel (1990) as Azère
- Het Sacrament (1990) as Albert
- Het Gezin van Paemel (1986) as Masco
- De Leeuw van Vlaanderen (1985) as Jan Breydel
- Zware jongens (1984) as in finzene
- Jan zonder vrees (1984) as Jan sûnder Genede (stim)
- Maria Danneels (1982) jout kommentaar
- Toute une nuit (1982)
- Het Verleden (1982) as Kees
- Tijd om gelukkig te zijn (1982) as de man
- Twee vorstinnen en een vorst (1981) as de heit
- Le Grand paysage d'Alexis Droeven (1981) as Jacob
- De Proefkonijnen (1979) as Jef
- Doodzonde(1978) as heit fan Marcels
- Une page d'amour (1978) as Ouvrier
- Pallieter (1976) as Bohumil
- Verbrande brug (1975) as Charel
- Verloren maandag (1974) as de Katangees
- De Loteling (1973) as Jan Braems
- Rolande met de blés (1972) Renier Joskin de Lamarache
- Keromar (1971) as Odo
- Mira (1971) as Lander
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Decleir fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|