Edelweißpiraten
Edelweißpiraten wiene ynformele groepen fan Dútske jongerein út alle lagen fan 'e befolking, dy't harren yn 'e nazy-tiid fersetten tsjin de autoriteiten.
Hja hiene gjin ideologyske grûnslach en ûntstiene út de Dútske Jongereinberweging, mar wiene ienriedich yn harren ferset tsjin 'e nazy's en fral tsjin de Hitlerjugend. Harren grutste oanhing wie yn it Rynlân en yn 'e kontreien fan Keulen. Nei de oarloch fersetten de leden harren tsjin de nije besettingsmachten.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tiid nei de Earste Wrâldkriich mei syn hopeleaze omstannichheden wie foar de Dútske jongerein in drege tiid. Foar de swakkere groepen wiene de jierren 1920 in tiid fan gjin kânsen op wurk en ûnderwiis, wylst dy tiid foar de boppelaach de Goldenen Zwanziger betsjutte. In soad jongerein besochten te ûntsnappen troch harren oan te sluten by offisjele groepen, dy't harren holpen om struktuer yn it libben te krijen en in idintiteit te ûntwikkeljen. Dy jongereinferienings stiene yn 'e tradysje fan 'e Wandervögel út de tiid fan foar de Earste Wrâldkriich en brochten fral ferdivedaasje mei kuiertochten yn it gebiet om de grutte stêden, om dêr yn 'e natoer mei muzyk en bûteniten de jeugdige drang nei ûnôfhinklikens te fieren.
Tsjin de ein fan 'e Weimarrepublyk krige de polityk op alle jongereingroepen jimmeroan mear ynfloed. In soad partijen fûnen de foarming fan in partijtrouwe jongerein tige wichtich. Sa ryk de Weimar Republyk oan partijen wie, sa ryk wiene ek de soarten jongereingroepen.
Njonken jongereinferienings fan politike partijen, de katolike groepen en de Naturfreundejugend bestie de brede koepelorganisaasje fan 'e Bündische Jugend. Dêr wiene likernôch 100.000 jonge leden yn 1200 groepen ûnderbrorcht mei in tige grut ferskaat oan idealen. Wat se mienskiplik hiene, wiene it omreizgjen, de formele hierargy en in elitêr bewustwêzen. Dêrmei konkurearre de Bündische Jugend mei de opkommende Hitlerjugend (HJ) ûnder lieding fan Baldur von Schirach. Foar in suksesfolle groei fan 'e HJ, dy't yn 1932 108.000 leden telde en yn it jier dêrnei groeide nei 2,3 miljoen leden, wie it dúdlik dat de HJ op 'e ûnderfining en de lieders fan 'e Bündische Jugend oanwiisd wie.
Nei't yn 1933 de Großdeutsche Bund (it Grutdútske Bûn), in federaasje mei in ledetal fan 70.000 jonge minsken út ferskillende Bündische groepen, en yn 1936 alle oare jongereingroepen ferbean waarden, sette de ferfolging fan 'e eardere leden yn. Regelmjittige patrûljes fan 'e HJ krigen mei help fan 'e SA en Gestapo tastimming om op te treden as der fermoedens wiene fan saneamde yllegale jongereinaktiviteiten. Oant 1938 waarden oanbiedings oan bûnsorganisaasjes om te yntegrearjen yn 'e Hitlerjugend fakentiden noch wol akseptearre, om't oan 'e Hilterjugend yn dy tiid noch altiten it byld fan 'e rebelske jongeren kleve. De rekreaasjeaktiviteiten en mooglikheden om op te klimmen yn 'e HJ wiene boppedat oantrekkelik. Sûnt 1936 waard it lidmaatskip fan 'e Hitlerjugenderd ferplichte foar alle bern mei in Dútske nasjonaliteit of etnisiteit as se gjin erflike syktes hiene. De jongerein dy't harren lykwols net oerhelje lieten, waarden de fijannen fan 'e HJ-patrouilletsjinst en kriminalisearre. Under sokke jongerein wiene HJ-leden dy't foar de organisaasje betanken, jongereinbendes, jongerein dy't yllegaal kontakten hiene mei ferbeane jongerein- of natoerorganisaasjes en lang om let ek politike fersetsstriders.
Aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1942 wie Keulen it sintrum fan 'e Edelweißpiraten, lykas de leden harrensels graach neamden. Yn 'e dokuminten fan 'e Gestapo waarden 3.000 leden mei namme neamd. Yn Duisburg, Düsseldorf, Essen en Wuppertal pakte de Gestapo by razzia's 739 fertochte Edelweißpiraten op. De Dortmunder Brügmannplatz waard op syn lêst yn 1943 it trefpunt fan 'e lokale Edelweiß-groep. Oeral yn it Dútske Ryk wiene yn 'e grutte stêden sokke groepen ûntstien en it binende elemint wie net sa bot it folgjen fan 'e tradisjoneel ferbeane jongereingroep, mar de opposysje tsjin de HJ.
It kuierjen en meitsjen fan tochten nei omlizzen gebieten fan grutte stêden of somtiden nei oare stêden wiene de tradisjonele aktiviteiten fan 'e jongereingroepen. Dêr waarden lieten fan 'e bûnsjongerein songen, dy't in nije iroanyske tekst krigen. Ek waarden foar HJ-lieten in nije iroanyske tekst skreaun. Guon fan dy teksten hiene hurde krityk op it nazy-rezjym. Ek binne der yn dy tiid folslein nije lieten skreaun mei politike ynhâld.
Lykas de HJ hiene ek de Edelweißpiraten in eigen styl yn 'e klean. Hja droegen faak shirts, kuierskuon, sjaals, riemen mei spikers en koarte lederhosen of fantasijeklean. Ek waard faak in edelweissblomke droegen. Oars as de HJ wiene somtiden ek famkes wolkom yn harren rûnten.
Ferfolging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat mear oanjeften de Hitlerjongerein oan 'e Gestapo die, namste hurder waard de ferfolging troch arrestaasjes, ferhoaren, tamtaasje en finzensettingen. De Gestapo joech sels ta dat de HJ-patrûljetsjinst ta in ferhurding fan 'e sitewaasje late. Op 1 juny 1938 waard de HJ machtige om op strjitte en yn sletten romtes yn te gripen.
Fuort nei't de Bündische Jugend ferbean wie, waard paragraaf 175 as strafber feit brûkt om ta in wettelike feroardieling te kommen. Dat folge út de histoaryske rivaliteit tusken de HJ en de Bündische Jugend, wêrfan't algemien oannommen waard dat de leden homoseksuëel wiene. De nazy-rjochters betochten al gau it misdriuw 'Bündische Umtriebe' ("bûnsaktiviteiten"), wêrmei't it mooglik waard om fertochten op bredere basis te feroardieljen. Dochs bleau dy definysje fan 'Bündische Umtriebe' dizich en lei de beslissing by de ferantwurdlike rjochtbanken. Oant it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch laten relatyf sjoen net in soad oanjeften ta in feroardieling.
Mei it útbrekken fan 'e oarloch waarden de ferfolgingsmetoades fral sûnt 1941 radikaler. Ynfallen, ôfharkje, hún, it oansetten ta ferrie, twang, tamtaasje en it finzensetten waarden tapast om de dissidinte groepen hurder oan te pakken. Yn desimber 1942 wie der in weach fan arrestaasjes troch de Gestapo yn Keulen en omkriten, nei alle gedachten as reaksje op pamfletkampanjes fan yndividuële groepen dy simmer.
De misdieden fan it ûnderminen fan 'e militêre krêft, it defêtisisme, it ferswakken fan 'e Dútske folksmienskip, it ferset tsjin de Gestapo of ferried late ta drakoanyske straffen tusken finzenis yn konsintraasjekampen oant de deastraf. It oerpleatsen nei in strafbataljon yn it leger of de marine wie in moai middel fan it nazy-rezjym om syn macht út te oefenjen op non-konformistyske jonge manlju. De ynset yn sokke kommando's betsjutte hast itselde as in eksekúsje.
De Edelweißpiraat Bruno Bachler, dy't de oarloch oerlibbe hat, fertelde dat er nei 't er yn in konsintraasjekamp sitten hie, yn in strafkompanjy oan it Eastfront minen romje moast. Dat romjen hold yn dat se hân yn hân oer in minefjild rinne moasten, wêrby't mannichien it libben ferlear.
It oantal fermoarde Edelweißpiraten is ûnbekend. De dokumintaasje oer lidmaatskip, aksjes, ûnderfregings en eksekúsjes lei hast folslein by de dieders fan it nazy-rezjym. De leden skreaune sels fierder gjin ynformaasje op oer harren aktiviteiten, om 't hja benaud wiene foar ûntdekking en ferfolging. In soad leden koene inoar allinne mar by de foarnamme of in bynamme, itjinge beskerming joech by in martelferhoar. Oannommen wurdt dat in minderheid fan 'e Edelweißpiraten de Twadde Wrâldkriich oerlibbe.
Nei de oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Edelweißpiraten oan 'e Ryn en de Ruhr bestiene noch oant 1947. Hja fersetten har doe tsjin 'e Westerske besettingsmachten. Boppedat waard de term Edelweißpiraten brûkt troch jongerein die neffens de Sovjet-geheime tsjinst foar de Britten propagandakampanjes en terreurdaden yn 'e Sovjet-sône útfierden. Oant it begjin fan 'e jierren 1950 wiene der yn 'e DDR Edelweißpirategroepen, dy't nasjonaalsosjalistysksinnich wiene en û.o. it Horst Wesselliet songen, de saneamde wearwolfgroepen. Teminsten twa Edelweißpiraten binne yn 1946 en 1947 yn 'e Sovjet-sone eksekutearre. Ek de Poalske autoriteiten moasten yn 1946 yn it troch Poalen anneksearre Sileezje slach leverje mei soksoarte groepen.
De striid fan Edelweißpiraten gie dus nei de oarloch troch, fral dy fan 'e arbeidersklasse. It personiel fan 'e opspoaringsautoriteiten mei faak noch de Gestapo-beamten en de rjochtbanken wie yn dy tiid hast noch itselde as yn 'e oarloch. It gedrach fan 'e Edelweißpiraten waard troch de Amerikaanske besettingsautoriteiten net akseptearre en late yn in soad gefallen ta nije feroardielingen en finzenisstraffen. As Edelweißpiraten kompinsaasje sochten, waarden se somtiden slachtoffer fan yntimidaasje troch de kompinsaasje-autoriteiten. De Dútske fersetsstrider Jean Jülich die ferslach fan syn oanfraach en it ferantwurdlike haad fan 'e distriktspresidint fan Keulen makke him sûnder omhaal dúdlik dat de Edelweißpiraten foar him Krahde wiene, dat wol sizze drek en útskot, en dat der neat mis wie mei de ferfolging troch de Hitlerjugend.
Rehabilitaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de jierren 1980 publisearren in pear âld-Edelweißpiraten biografyske teksten, dy't de Gestapo- en neioarlochske ûndersyksprotokollen oanfolje mei in perspektyf, dat wichtich is foar histoarysk ûndersyk.
De Keulske Edelweißpiraten Jean Jülich, Michael Jovy en postúm Barthel Schink waarden yn 1984 yn it Israelsyke Holocaust-betinkingssintrum Yad Vashem as rjochtfeardigen ûnder de folke eare, om't de groep tusken it pún fan 'e stêd joaden holpen mei ûnderdûk en mei - faak stellen - iten fersoargen. Sûnt 9 novimber 2003 betinkt yn Keulen-Ehrenfeld in plakette de slachtoffers, flakby it plak yn 'e Bartholomäus-Schink-Straße, dêr't yn novimber 1944 11 Poalske twangarbeiders en 13 jonge Edelweißpiraten sûnder fonnis troch de Gestapo en SS ophongen waarden. De plakette is oan 'e bôge fan it spoar yn 'e Schönsteinstraße oanbrocht, tichteby de Venloer Straße. De plakette wie al jierren earder makke, mar de Keulske CDU besocht al sûnt de ein fan 'e oarloch om de erkenning fan Edelweißpiraten as fersetsstriders op te kearen, fakentiden mei arguminten dy't út Gestapo-ferhoarprotokollen oanhelle waarden.
Gertrud Koch wie it lêst bekende lid fan 'e Edelweißpiraten en ferstoar op 20 juny 2016.
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nachforschungen über die Edelweißpiraten (1980), dokumintêre fan Dietrich Schubert yn gearwurking mei de ZDF.
- de film Edelweißpiraten (2004) fan Niko von Glasow.
- Jugendliche im Widerstand: Edelweißpiraten (2022, alternative titel: Edelweißpiraten: Teenager gegen Hitler), Dokumentêrefilm fan Georg Wellmann en Ingolf Gritschneder; foar it earst op 25 april 2023 troch Arte útstjoerd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op de:Edelweißpiraten
|