Springe nei ynhâld

Edelweißpiraten (film út 2004)

Ut Wikipedy
Edelweißpiraten
film
makkers
regisseur Niko von Glasow
Jolanta Dylewska
produsint Niko von Glasow
Helga Pache
Daniel Brücher
senario Kiki von Glasow
Niko von Glasow
kamerarezjy Jolanta Dylewska
muzyk Andreas Schilling
spilers
haadrollen Ivan Stebunov
Bela B.
Jochen Nickel
Anna Thalbach
skaaimerken
lân/lannen Dútslân
Lúksemboarch
Nederlân
Switserlân
foarm langspylfilm
sjenre oarlochsdrama
taal Dútsk
spyltiid 111 minuten

Edelweißpiraten is in film oer in rebelske jongereinbeweging, dy't op 'e púnbulten fan it bombardearre Keulen yn 'e neidagen fan de Twadde Wrâldkriich op in eigen wize ferset biedt tsjin de nazy's.

Karl wennet mei syn jongere broerke Peter allinne yn in appartemint yn it slim bombardearre Keulske stedsdiel Ehrenfeld. Syn mem is ferstoarn by in bombardemint, harren âldere broer Otto is omkommen yn 'e oarloch en harren heit tsjinnet yn 'e Wehrmacht. Tegearre moatte se it roaie en wylst Karl lid is fan 'e Edelweißpiraten, hat syn jongere broerke him by de Hitler Jugend jûn. De Edelweißpiraten hawwe it hieltiten oan 'e stok mei de Hitler Jugend en der wurdt hiel wat tusken de twa groepen ôffochten. Ek op oare manieren besykje de Edelweißpiraten de nazy's te dwersbongeljen. As der in brief komt mei it berjocht dat harren heit oan it Eastfront stoarn is, slút Peter him út teloarstelling ek by de Edelweißpiraten oan.

Nei't de konsintraasjekampfinze Hans Steinbrück by in detonearjen fan in bom wit te ûntsnappen en hy fûn wurdt troch de Edelweißpiraten, wurdt dy oan in skûlplak by Cilly ûnderbrocht, de skoansuster fan Karl en Peter. Troch Hans Steinbrück wurde se hieltiten mear yn it echte ferset tsjin de nazy's belusten. Sa helpe se joaden ûnder te dûken en wurde der wapens stellen. It kin lykwols net útbliuwe dat harren aktiviteiten de Gestapo op it spoar bringe. Mei de arrestaasje fan guon leden rint de hiele groep gefaar om oprold te wurden. De meast sochte persoan fan 'e groep is Hans Steinbrück en om it libben fan syn jongere broerke te rêden nimt Karl it beslút om it skûlplak fan Hans Steinbrück oan 'e NSDAP-funksjonaris Hoegen te ferrieden, as dy yn ruil dêrfoar him en syn broerke sparret.

personaazje akteur/aktrise    
Hans Steinbrück Bela B.
Karl Ripke Ivan Stebunov
Peter Ripke Simon Taal
Cilly Serve Anna Thalbach
Josef Hoegen Jochen Nickel
Ferdinand Kütter Jan Decleir
Peter Hüppeler Wolfgang Michael
Friedel Krämer Irina Sokolova

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]