Jan David Zocher
Jan David Zocher jr. (Haarlim, 12 febrewaris 1791 - dêre, 8 july 1870) wie in Nederlânsk arsjitekt, stêdeboukundige en lânskipsarsjitekt. Hy yntrodusearre, tagelyk mei Lucas Pieters Roodbaard yn Noard-Nederlân, de lânskipstún yn Nederlân en ûntwurp ferskate klassisistyske gebouwen. Syn heit Johan David Zocher Sr. (1763-1817) en broer Karel George Zocher (1796-1863) wiene ek túnarsjitekt.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zocher krige syn earste ûnderjocht as arsjitekt-túnarsjitekt fan syn heit. Yn 1809 waard er troch kening Loadewyk Napoleon beneamd ta kwekeling yn de boukunde (pensionaire), dêr't reizgjen nei it bûtenlân oan fêst siet: twa jier Parys en twa jier Italië. Letter folge in reis troch Ingelân, dêr't fral it wurk fan túnarsjitekt Humpry Repton in grutte yndruk op him makke. Werom yn Nederlân folge er syn heit op as lânskipsarsjitekt fan kening Willem I.
Untwerpen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1821 makke J.D. Zocher jr. in ûntwerp foar de feroaring fan de Haarlimske stedswallen (de bolwerken) yn in park. Yn 1808-1819 hie er tegearre mei syn heit al in ûntwerp makke foar de Haarlemmerhout (dat net útfierd waard), syn nije ûnwerp út 1827 waard wol útfierd. Yn 1833 ûntwurp er de Fjoertoer J.C.J. van Speijk yn Egmond oan See.
Beurs fan Zocher
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Beurs fan Zocher yn Amsterdam wie syn ferneamdste gebou. Dat beursgebou, dat in protte fan in Grykske timpel wei hie, kaam yn 1845 ôf en waard 10 septimber fan dat jier fan kening Willem II iepene. Ek dat jier waard Zocher beneamd ta Ridder yn de Oarde fan de Nederlânske Liuw. Yn 1903 waard it gebou lykwols ôfbrutsen, meidat it te lyts wurden wie. Op itselde plak stiet no it warehûs de Bijenkorf, op de hoeke fan de Dam en it Damrak. Yn 1903 waard in nije beurs boud, de Beurs fan Berlage.
Parken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 1826 de eryndieling fan it stedspark De Plantage yn Skiedam.
- Yn 1827 it Zocherpark oan de Stadsbuitengracht yn Utert. It Uterske stedbesjoer karde it ûntwerp goed yn 1829. De oanlis, fan 1850 ôf oan mei syn soan Louis Paul Zocher, duorre oant 1870.
- Yn 1834 it park by Hûs te Linschoten. Yn dy snuorje ek de oertún by de bûtenpleats Vechtstroom.
- Yn 1840 it Zocher-plantsoen op de âlde stedswâlen fan Amersfoort dat yn 2006-07 yn âlde steat werombrocht waard.
- Earste helte 19e iuw it park fan de Maarssenske bûtenpleats Doornburgh.
- Yn 1841 de wiziging fan de tún fan Slot Zuylen yn Oud-Zuilen.
- 1860 it parkje Schoonoord yn Rotterdam.
- Yn 1864 tegearre mei syn soan it Amsterdamske Vondelpark.
- Om 1870 Het Park yn Rotterdam.
- Yn 1890 it Westbroekpark, dat lykwols mar foar in part útfierd waard.
Begraafplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1828 - begraafplak Kleverlaan (Súd-Akendam) yn Haarlim, Begraafplak Soestbergen yn Utert en it begraafplak yn Heemstede.
- 1829 - it Algemien begraafplak yn Sutfen.
- 1869-1931 - oanlis fan park en paden fan begraafplak Zorgvlied yn Amstelfean. Sûnt 2008 in monumint.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan David Zocher fan Wikimedia Commons. |