Springe nei ynhâld

Johan David Zocher sr.

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johan David Zocher Sr.)

Johan David Zocher Sr. (Torgau, 17 july 1763Baarn, 15 maaie 1817) wie in Nederlânsk arsjitekt en túnarsjitekt.

Zocher waard berne yn in famylje fan lekkenwevers. Johan David kaam om 1780 hinne nei Nederlân. Hy learde it fak fan túnarsjitekt fan syn lettere skoanheit J.G. Michael.[1] Twa soannen, Jan David Zocher jr. en Carl George Zocher waarden ek arsjitekt en túnarsjitekt. Fral Jan David hat in protte mei syn heit gearwurke. Ek pakesizzer Louis Paul Zocher waard túnarsjitekt.

Zocher stoar mei 53 jier ûnder syn wurk oan it park fan paleis Soestdijk.

Styl en ûntwerpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Hûs Berbice yn 1900

Zocher hat de lânskipstyl fan Michael fierder ûntwikkele yn syn ûntwerpen en re-organisaasjeplannen foar ûnder oaren de parken fan de Hartekamp (fan 1790 ôf), Meer en Berg by Heemstede (1794), Woestduin (om 1800), Bosch en Hoven (om 1800), Vredenoord (Rijswijk, 1801), Bûtenpleats Berbice (Voorschoten, 1803) en Duinzicht (Oegstgeest, 1808).
Yn 1807 waard er troch kening Loadewyk Napoleon Bonaparte beneamd ta arsjitekt fan paleis en tún fan Huis ten Bosch en fan it paleis fan Loadewyk Napoleon yn Utert.[1] Yn 1808 makke Zocher sr. fanwegen Loadewyk Napoleon in reorganisaasjeplan (yn de Ingelske lânskipsstyl) foar de Haarlimmerhout. It ûntwerp út 1809 hat er wierskylik mei syn soan makke. It waard net útfierd en waard troch Zocher jr. ûndertekene. Teffens makke er yn 1808 it plan foar paleis Soestdijk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Moes, Constance (1991) Architectuur als sieraad van de natuur: de architectuurtekeningen van J.D. Zocher jr en L.P. Zocher
  1. 1,0 1,1 Schaap, S. & Van den Berg, T. (1979). Parken, tuinen en landschappen van Nederland. Baarn: Moussault's útjouwerij. ISBN 9022611639