Springe nei ynhâld

Jan Belonje

Ut Wikipedy

Mr. dr. Johan (Jan) Belonje (Alkmaar, 17 juny 1899Leien, 22 novimber 1996) wie in Nederlânsk bestjoerder, bankier en histoarikus.

Belonje wie in soan fan Johannes Lieve Gijsbertus Belonje, learaar Ingelsk oan it gymnasium fan Alkmar, en Alida Geertruida Bosman, dochter fan in sâltsieder en eigener fan de Alkmaar Packet dy't feartsjinsten tusken Alkmaar en de Waadeilannen fersoarge. Op de legere skoalle helle er in de lêste klasse in 10 foar skiednis. Dêrnei gie er nei it gymnasium en slagge yn 1919 foar it eineksamen. Yn 1918 hie er him al oanmeld as "adspirant-vaandrig" om him yn te setten yn de Earste Wrâldoarloch, mar pas nei it heljen fan syn diploma kaam er yn 1920 echt ûnder tsjinst, folge in militêre oplieding en waard yn 1921 as reserve-ofsier op grut ferlof set; úteinlik waard er yn 1934 as reserve-1e-luitenant ûntslein.

Belonje studearre rjochten yn Leien dêr't er yn 1926 ôfstudearre. Hy sette dêr út ein mei syn promoasjeûndersyk, mar waard ynearsten abbekaat yn Alkmaar yn 1928. Earst yn 1933 promovearre er yn Leien mei: De Zijpe en Hazepolder. De ontwikkeling van een waterschap in Holland's Noorderkwartier. Mei om reden fan syn kennis fan it wetterskipsrjocht waard die yn 1930 beneamd ta sekretaris fan it wetterskip de Schermeer. Wilens wie er beneamd ta learaar hannelsrjocht, letter ek steatsrjocht, oan de pleatslike Hannelsskoalle.

Yn 1947 waard er beneamd ta agint De Nederlandsche Bank wat er oant syn pinsjoenearring yn 1962 bliuwe soe. Hy folge de ferstoarne agint mr. P. Langeveld op waans plakferfanger er al wie. De direksje fan de bank easke dat er syn measte (betelle) njonkenfunksjes oerjaan moast, lyks syn learaarwêzen en dy fan wetterskipssekretaris. Hy holde wol tal fan net-betelle njonkenfunksjes yn genealogyske en histoaryske ferienings, dy't faak oan Alkmaar ferbûn wiene.

Yn 1931 boaske er oant Eline Maria Verfaille (1908-2001), dochter fan de dykgreve fan it Koegras (dêr't er yn 1926 'De bedijking van het Koegras' oer publisearre hie) en heechheemried. It pear krige twa dochters. Hy stoar op hege âldens yn Leien. Op 13 en 14 maaie 1997 waard syn mânske bibleteek feile yn Leien.

Belonje hat sa'n 1000 publikaasjes op syn namme brocht. Dy geane fral oer genealogy, heraldyk, tsjerke- en lokale skiednis, wetterskips- en polderskiednis en rjochtsskiednis. Teffens skreau er oer kastielen, havezaten en aadllike huzen, grêfstiennen en grêfsarken, en oer festingwurken. Syn earste publikaasje wie: 'Iets uit de eerste jaren der bedijkte Schermer', yn 1926 yn De Navorscher, in tydskrift dêr't er letter redakteur fan wurde soe. Belonje syn earste grutte publikaasje wie: Genealogische en heraldische gedenkwaardigheden in en uit de kerken der provincie Noord-Holland, in wurk yn fiif dielen dat er tegearre mei mr. P.C. Bloys van Treslong Prins skreau. Yn it jier dat er promovearre kaam ek syn skiednisboek De Schermeer 1633-1933 út, fanwege de haadingelanden fan it wetterskip dêr't er sels de sekretaris fan wie. Yn 1945 folge Het hoogheemraadschap van de uitwaterende sluizen in Kennemerland en West-Friesland, 1544-1944. Yn 1956 liet er De twee Nijenburgen bij Alkmaar it ljocht sjen. De lêste publikaasjes dy't wiene Een illuster grachtenhuis út 1989, oer in grêftehûs yn syn berteplak, en De confraterniteit van St. Cunera te Rhenen út 1992.

Yn 1982 ferskynde by gelegenheid fan syn 70-jierrich argyfbesykjen de wiidweidige publikaasje, Mr. Dr. Johan Belonje. Zeventig jaar archiefbezoeker, dêr't al syn oant doe ta ferskynde publikaasje yn opnaam wiene, en in biografyske skets.

Bibliografy (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • [mei P.C. Bloys van Treslong Prins] Genealogische en heraldische gedenkwaardigheden in en uit de kerken der provincie Noord-Holland. 5 dielen. Utert, 1928-1931.
  • De Heer-Hugowaard (1629-1929). Een geschiedenis van den polder. Alkmaar, 1929.
  • De Zijpe en Hazepolder. De ontwikkeling van een waterschap in Holland's Noorderkwartier. Wormerveer, 1933 (proefskrift).
  • De Schermeer 1633-1933. Wormerveer, [1933].
  • [mei J. Westra van Holthe] Genealogische en heraldische gedenkwaardigheden in en uit de kerken der provincie Drenthe. Assen, 1937.
  • Het hoogheemraadschap van de uitwaterende sluizen in Kennemerland en West-Friesland, 1544-1944. Wormerveer, 1945.
  • Steenen charters (oude grafsteenen). Amsterdam, 1941 (Heemschutrige).
  • Genealogische en heraldische gedenkwaardigheden in en uit de kerken der provincie Limburg met een supplement betreffende de Belgische en Duitse grensgebieden. Maastricht, 1961.
  • Hollandse studiën. De Haach [etc.], 1972 (samling artikelen).
  • Het Koegras. (Julianadoarp), 1974.
  • Een illuster grachtenhuis. Alkmaar, 1989.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1912-1982. Mr. Dr. Johan Belonje. Zeventig jaar archiefbezoeker. Alkmaar, 1982.
  • O. Schutte, 'In memoriam Mr. Dr. J. Belonje (17 juni 1899 - 22 november 1996)', yn: De Nederlandsche Leeuw CXIII (1996), k. 493-494.