Jacob Hoogslag

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Jacob Nanne Diederik Hoogslag, bekend as Jac.N.D. Hoogslag, (Ljouwert, 31 maart 1877Wolvegea, 28 jannewaris 1969) wie in Fryske muzykpedagooch, komponist en dirigint.

Hy wie de soan fan nôtkommisjonêr, agint fan in stoomfeartûndernimming en direkteur fan in fersekeringskantoar Jacob Hoogslag en Liskje Bakkers.[1] Hy krige nei de HBS syn muzykoplieding oan it konservatoarium fan Luik fan Lucien Mawet yn de fakken piano, solfège, muzykteöry, harmonielear, kontrapunt, keamermuzyk en kontrabas. Hoogslag slagge mei in earste priis foar syn pianospul.

Hy troude yn De Haach 1902 mei Dirkje Maria de Boer. Hy fêstige him as muzykleraar yn Snits, organist Jelle Nauta wie ien fan syn learlingen. Hy waard ek direkteur fan ferskate sjongferienings, wêrûnder it mingde koar Excelsior. Yn oanfolling dêrop trede hy in soad op yn it noarden, mar ek yn Amsterdam. Ek siet hy faak yn organisaasjekomitees en sjuery’s fan muzyk/sjngkonkoersen en skreau artikels oer muzyk yn pleatslike tydskriften. Ein jierren tritich fêstige de húshâlding him yn Epse tichtby Gorssel, dêr’t it yn 1967 harren 65-jierrige troudei fierde. Hja stoar dêr, hy ferstoar yn Wolvegea. Se waarden beide kremeard.

Hy skreau in flink oantal wurkjes. Bekend fan him is It Snitser Klokkespil. Syn Jounbea op tekst fan Gysbert Japiks, yn 1926 noch in ferplicht wurk op sjongkonkoersen, ferskynde yn 1966 op in ep fan Polydor, útfierd troch it Kristlik Mingd Dûbelkwartet Bel Canto. Yn 1931 joech útjouwerij Osinga yn Boalsert it boekje De Fryske Librije, De sang yn Fryslân út (41 siden). Yn 1954 ferskynde fan him it boekwurk (32 siden) Stamboom Hoogslag, 1565-1954.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. It Hoogland's Assurânsjekantoar soe oant 1971 bestean en dan opgean yn de Friesland Bank.