Springe nei ynhâld

Jacob Algera

Ut Wikipedy
Jacob Algera
politikus
Jacob Algera yn 1958
Jacob Algera yn 1958
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 28 maart 1902
berteplak Wurdum
stjerdatum 8 desimber 1966
stjerplak De Haach
etnisiteit Frysk
partij ARP
gemeenteriedslid fan Ljouwert
amtsperioade 1935 - 1941
lid Twadde Keamer
amtsperioade 1937 - 1952
boargemaster fan Ljouwert (wnd.)
amtsperioade 1945 - 1946
foargonger Wilhelm Schönhard
opfolger Adriaan van der Meulen
lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1946 - 1952
lid Deputearre Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1946 - 1952
minister fan Ferkear en Wettersteat
regear kabinet-Drees II en III
amtsperioade 1952 - 1958
foargonger Hendrik Wemmers
opfolger Herman Witte
lid Ried fan Steat
amtsperioade 1958 - 1966

Jacob Algera (Wurdum, 28 maart 1902De Haach, 8 desimber 1966) wie in jurist en politikus.

Nei in juridyske stúdzje yn Grins waard er amtner by de provinsjale griffy en de Provinsjale Bibleteek oant 1937. Hy wie polityk warber yn de ARP en hearde tsjerklik ta de Grifformearde Tsjerke. Sûnt 1937 waard er lid fan de Twadde Keamer foar de AR. Fan 1935-1945 wie Algera lid fan de gemeenterie fan Ljouwert, yn 1945 en 1946 waarnimmend boargemaster en tusken 1946-1952 lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.

Sûnt 2 oktober 1952 wie er minister fan Ferkear en Wettersteat yn it Kabinet-Drees II en III. Yn syn amtsperioade wie er belutsen by it reekommen fan 'e Deltawet yn 1958. It earste foltôge deltawurk, de Algearbrêge oer de Hollânske Isel by Krimpen oan de Isel waard nei him neamd. Fanwegen ôfnimmende sûnens stapte er, nei it oannimmen fan de Deltawet, yn 1958 op. Dat jiers waard er beneamd ta lid fan de Ried fan Steat. Fan 1961 oant 1965 wie er bestjoerder fan de Frije Universiteit fan Amsterdam.

Algera boaske yn augustus 1928 yn Stiens met Froukje Wijnia. Hy ferstoar yn desimber 1966 yn 'e âldens fan 64 jier yn De Haach. Algera wie Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Njonken de brêge by Krimpen oan de Isel by de stoarmfloedkearing, waard der yn syn bertedoarp Wurdum in strjitte nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Algera, Jacob.
  • Leeuwarden door de eeuwen heen (1935)
  • Genealogysk Jierboek 1957 side 42-43