Springe nei ynhâld

Jachtfleanmasine

Ut Wikipedy
Fan links nei rjochts: in A-10 Thunderbolt II, F-86 Sabre, P-38 Lightning en P-51 Mustang fleane yn formaasje foar in loftfeartshow. Yn de formaasje fleane twa generaasjes jachtfleantugen: twa propellerfleantugen en twa strieljagers

In jachtfleanmasine, jachtfleantúch of jager is in militêre fleanmasine dy't benammen ûntwurpen is foar loftgefjochten mei oare soksoarte fleanmasinen. De wichtichste skaaimerken fan in jachtfleanmasine binne net inkeld syn fjoerkrêft, mar fral ek syn faasje en manûvrearberens yn ferhâlding ta it model fleanmasine dêr't er it tsjin opnimme moat. Sokke fleanmasinen kinne sawol oanfallend as ferdigenjend ynset wurde. Moderne jachtfleanmasinen, dy't mei strielmotors tarist binne, wurde yn 'e regel strieljagers neamd.

It wichtichste taktyske doel fan in jachtfleanmasine is om loftoerwicht boppe in slachfjild te fêstigjen. As it loftrom dêre ienris behearske wurdt, binne de eigen grûntroepen of oarlochsskippen frijwarre fan loftoanfallen troch de fijân, en kinne de grûntroepen of skippen fan 'e fijân krekt straffeleas út 'e loft wei oanfallen wurde. It slagjen of mislearjen fan it beheljen fan loftoerwicht hinget gear mei ferskate faktoaren, wêrûnder it tal jachtfleanmasinen dat beskikber is, de kapasiteiten fan dy jachtfleanmasinen yn ferhâlding ta de jachtfleanmasinen fan 'e fijân, de training fan 'e piloaten en de wize fan it ynsetten fan 'e jachtfleanmasinen troch de legerlieding.

In protte jachtfleanmasinen hawwe sekundêre kapasiteiten njonken harren primêre fermogen om loftgefjochten oan te gean. Sa kinne de measte jachtfleanmasinen ek grûndoelen oanfalle mei harren boardkanonnen. Jachtbommesmiters binne ûntwurpen foar de dûbele rol fan jachtfleanmasine en bommesmiter. Oare soarten jachtfleanmasinen binne spesjaal ûntwurpen foar beskate ûnderdielen fan loftgefjochten, lykas ûnderskeppingsjagers, swiere jachtfleanmasinen en yndertiid nachtjagers.

In moderne F/A-18 Hornet-strieljager (multi role jachtfleantúch

Jachtfleanmasinen kinne tsjintwurdich tarist wêze mei fiif soarten wapens: kanonnen (de saneamde 'boardkanonnen'), stjoerde raketten, net-stjoerde projektilen, bommen en torpedo's. Bommen, raketten en torpedo's wurde almeast ûnder de wjukken befêstige. De kanonnen sitte yn 'e measte jachtfleanmasinen yn 'e noas fan it tastel. Guon stjoerde raketten hawwe in ynfrareadsensor dy't ôfgiet op in waarmteboarne, lykas de strielmotor fan it fijannige fleantúch. Bommen falle troch de swiertekrêft gewoan nei ûnderen, hoewol skean nei foarren fanwegen de faasje dy't de fleanmasine hat as it se loslit. Net-stjoerde projektilen binne almeast raketten dy't op eigen krêft fleane mar net fan rjochting feroarje kinne.

Foarbylden fan jachtfleanmasinen binne de Hawker Hurricane, de Supermarine Spitfire, de Messerschmitt Bf 109, de Mitsubishi A6M "Zero" en de P-40 Warhawk út 'e Twadde Wrâldoarloch. Modernere jachtfleanmasinen, dy't almeast as strieljagers oantsjut wurde, binne bgl. de Mikojan-Goerevitsj MiG-31, de Panavia Tornado, de Dassault Mirage 2000, de Sûchoi Sû-27 , de F-16 Fighting Falcon, de F/A-18 Hornet en de F-35 Lightning II.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.