JT Money (rapper)

Ut Wikipedy
JT Money (rapper)
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeffrey Thompkins
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 maaie 1967
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
sjenre hiphop
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
jtmoneymiatl.blogspot.com
Dizze side giet oer de rapper JT Money. Foar de pornoakteur, sjoch: JT Money (pornografysk akteur).

JT Money, echte namme: Jeffrey Thompkins (Miami, 25 maaie 1967) is in Amerikaansk rapper fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy is de lieder fan 'e hiphopband Poison Clan, dy't út Miami komt.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

JT Money waard yn 1967 berne yn Miami, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Hy waard ein jierren tachtich troch Luke Skyywalker fan 'e band 2 Live Crew ûntdutsen by in talintejacht dy't yn Miami holden waard. Skyywalker besoarge JT Money en dy syn band Poison Clan neitiid in kontrakt by syn eigen platemaatskippij Luke Records. Yn 1990 brocht Poison Clan syn earste album út, mei as titel 2 Low Life Muthas.

Koarte tiid letter ferliet Debonaire, de twadde man fan Poison Clan, tegearre mei syn broer Drugzie de band om him by in oare groep, Home Team, te jaan. Dêrtroch bleau JT Money oer as de iennichste rapper fan Poison Clan, mei as ûnderstypjende bandleden Madball, Uzi, Big Ram, Shorty-T en Trigga.

It twadde album fan Poison Clan, Poisonous Mentality, út 1992, befette it nûmer Shake What Ya Mama Gave Ya, dat letter troch it tydskrift XXL oantsjut waard as ien fan 'e top 250 hiphoplieten fan 'e 1990-er jierren. Neitiid kamen der noch twa albums fan Poison Clan út: Ruff Town Behavior yn 1993 en Straight Zooism yn 1995. Guon oare bekende nûmers fan Poison Clan binne Action, Bad Influence, Dance All Night, Fire Up This Funk, The Girl That I Hate en Don't Sleep on a Hizzo.

Yn 1999 sette JT Money útein mei in solokarriêre as rapper. Syn earste album, dat datselde jiers noch útkaam, wie Pimpin' on Wax. Dêrmei berikte er net allinnich súkses yn 'e hiphop-subkultuer, mar ek yn 'e mainstream-kultuer, benammen mei de hit Who Dat. Dat nûmer, wêrfoar't JT Money gearwurke mei Solé, berikte it fyfde plak yn 'e Amerikaanske top 100 en wûn yn 1999 de Billboard Music Award yn 'e kategory bêste rapsingle. Neitiid brocht JT Money noch fjouwer oare solo-albums út: Blood, Sweat and Years (2001), Return of the B-Izer (2002), Undeniable (2005) en Pimpin' Gangsta Party (2016), mar hy koe nea wer it kommersjele súkses fan Pimpin' on Wax belykje.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

albums
  • mei Poison Clan
    • 1990 – 2 Low Life Muthas
    • 1992 – Poisonous Mentality
    • 1993 – Ruff Town Behavior
    • 1995 – Straight Zooism
  • solo-albums
    • 1999 – Pimpin' on Wax
    • 2001 – Blood, Sweat and Years
    • 2002 – Return of the B-Izer
    • 2005 – Undeniable
    • 2016 – Pimpin' Gangsta Party
singles
  • 1999 – Who Dat
  • 2001 – Hi-Lo

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.