Springe nei ynhâld

J.H.J. van Wageningen thoe Dekema

Ut Wikipedy
J.H.J. van Wageningen thoe Dekema
persoanlike bysûnderheden
berop Boer (lânbou), skriuwer
lân Keninkryk fan de Nederlannen
geslacht man
berne 14 novimber 1860
berteplak Ljouwert
stoarn 23 april 1908
stjerplak Jelsum

Jan Hindrik Jetse van Wageningen thoe Dekema (Ljouwert, 14 novimber 1860Jelsum, 23 april 1908) wie heareboer.

Jan van Wageningen wenne op Dekemastate yn Jelsum. De Jelsumers beseagen him as in apart man. Hy rûn in Aldfrysk kostúm en wie ien fan de lêste dragers fan dat kostúm. Wa’t sa’n fyftich jier nei syn dea mei Jelsumers oer Jelsum oan ‘e praat rekke, krige wis in ferhaal oer Jan van Wageningen. Jan van Wageningen wie faaks in man út it begjin fan it ûntstean fan de Fryske Beweging. Hy wie foar it behâld fan it âlde. Fan nijmoadrige dingen moast er neat hawwe. Doe’t it spoar oanlein waard, hat er him dêr tsjin fersetten dat de spoarbaan oer syn lân rinne moast.

De ferhâlding mei Piter Jelles Troelstra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn tinkskriften skriuwt Piter Jelles Troelstra ek oer syn besites oan Dekemastate. Piter Jelles en Jan van Wageningen pielden my it Frysk, as jonges wienen se dêr tegearre al mei oan ‘e gong. Oer oare saken koenen se net prate want dan waard it bargebiten. Dy sosjalistyske opfettingen fan Piter Jelles woe Jan van Wageningen neat fan witte. Jan syn grutte held wie Abraham Kuyper. Letter is hy in foarman fan de antyrevolúsjonêren yn Stiens wurden.

De evangelisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jelsum wie frijsinnich en Jan van Wageningen wie otterdoks. Doe’t der yn Jelsum hieltyd frijsinniger dominys kamen, gie dat Jan te fier. Syn heit en de dominy hienen ek al spul hân oer it spiritisme, dêr’t dominy, op oanrieden fan Jan van Wageningen syn mem mei dwaande wie.
Yn ‘t lêst koe Jan de preken net mear ferneare. Der waard yn Jelsum tocht dat Van Wageningen wol grifformeard wurde soe. Dy stap wie foar him te grut. Yn 1899 rjochte Van Wageningen mei meistanders in evangelisaasje op. Se kamen ynearsten gear yn in âlde smidderij. Yn 1901 kaam der in geboutsje klear op Finsterbuorren. Van Wageningen joech de grûn dêrfoar oan de evangelisaasje. It hat in twaspjalt yn it doarp jûn. Guon fûnen it in streek fan Van Wageningen. Wat ek faaks meispile hat dat ds. J. Faber, dy’t yn 1901 yn Jelsum kaam te stean, de earste sosjalistyske dominy yn Fryslân west hat.
De evangelisaasje frege om it nachtmiel yn 'e tsjerke te hâlden. De tsjerkerie wegere botwei en dat is hiel lang sa bleaun. Doe’t nei de Twadde Wrâldkriich in petear tusken frijsinnigen en otterdoksen begûn, hat Jelsum him lang ôfsidich holden. Yn ‘t lêst is de evangelisaasje wer in part fan de herfoarme gemeente fan Jelsum wurden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]