Izébel (bibelsk persoan)
Izébel wie neffens it Alde Testamint de frou fan Achab, de kening fan Israel, dy't regearde fan ± 871 oant ± 852 foar Kristus.
Izébel en de Baäl-kultus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Izébel wie de dochter fan de Fenisyske kening Etbaäl fan Tyrus. Hja troude mei Achab om sa in polityk bûn tusken Israel en Fenysje te besegeljen. It wie Izébel dy't as keninginne fan it noardlike Tsienstammeryk it Hebriuwske folk oansette om de goaden fan Fenysje te oanbidden. Hja wie fûl tawijd oan de foarâlderlike Fenisyske religy en wist har man te bewegen in timpel yn Samaria te bouwen foar Baäl.[1]
Neffens de Bibel yntrodusearre Izébel de Baäl-kultus ek oan it hof en krige hja sels de kening sa fier om oan de earetsjinst diel te nimmen. Izébel die der alles oan om it leauwen yn de God fan Israel út te bannen en te ferfangen troch de Baäl-kultus. Hja liet in soad profeten fan Israelsk religy fermoardzje en minstens hûndert profeten moasten fanwegen Izébel's ferfolgingen harren yn grotten skûl hâlde. Ien fan de profeten dy't him it libben rêde wie Israel's grutte profeet Elía, dy't nei de oare kant fan de Jordaan flechte. Letter moast Elía nochris om syn libben flechtsje doe't Izébel him út wraak fermoardzje woe.
Op kosten fan de steat liet Izébel 450 profeten fan Baäl en 400 profeten fan Asjeara ûnderhâlde. Har fûleindige sindingsdrang brocht frucht, want neffens de Skrift bleaunen der yn hiel Israel net mear as 7.000 minsken oer dy't net bûgden foar Baäl.[2]
Izébel en Nabot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar Izébel hie it keningskip absolute macht en hja oefene grutte ynfloed út op it bestjoer fan it lân en de kening. Ienris woe de kening in wyngerd fan de lâneigner Nabot oernimme om't de grûn geunstich by it paleis lei en de kening it woe brûke foar de ferbou fan grienten. Nabot wegere lykwols de ferkeap, om't hy it lân út in erfskip krige hie en it yn de famylje hâlde woe. Út namme fan Achab skreau Izébel doe brieven nei de âldsten mei de opdracht Nabot falsk te beskuldigjen fan godslaster en him dêrnei as straf stiennigje te litten. Izébel's opdracht slagge, Nabot waard stiennige en syn wyngerds waarden oerdroegen oan de kening. Dizze saak soarge foar de grime fan Elía, dy't nei oanlieding fan dizze ûndied foarsei dat de hûnen Izébel foar straf by de muorren fan Jizreël opfrette soene.[3]
Nei de dea fan kening Achab kamen syn soannen oan de macht, mar Izébel bleau har ynfloed op it folk útoefenjen. Har dochter Atalja, fierde nei har houlik mei Joaram, de kening fan Juda, ek dêr de ferearing fan Baäl yn.
It ferstjerren fan Izébel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Achab liet Elía Jehû troch in learlingprofeet as nije kening fan Israel salvje. Jehû krige de opdracht fan de learlingprofeet om de hiele famylje fan Achab út te roegjen en reizge nei Jizreël. Jehû skeat sawol kening Joaram, dy't siik wie, as kening Achazja, dy't by Joaram op besite wie, op de flecht dea. Dêrnei wie Isébel oan bar. Hja wist al dat Jehû nei har ûnderweis wie en stie him al opmakke en al foar it finster op te wachtsjen. Doe't Jehû oankaam ferwolkomme hja de nije kening mei de wurden: Giet it goed mei jo, Simry de keningsmoardner? Jehû seach omheech en socht meistanners, dy't hy fûn yn trije hovelingen. Yn opdracht fan Jehû smieten dy trije Izébel troch it finster nei beneden, sa't it bloed by de muorren opspatte. Hja lieten har dêr ynearsten lizze, mar nei't Jehû opdracht joech dat "ferflokte frommis" dochs mar te begraven, it wie ommers in dochter fan in kening, die bliken dat der útsein wat resten allinnich noch in plasse bloed lei. Alhiel neffens de foarsizzing fan Elía wie Izébel opfretten fan de hûnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |