Francis Dicksee
Sir Frank Bernard Dicksee (Londen, 27 novimber 1853 – dêre, 17 oktober 1928) wie in Ingelsk keunstskilder en yllustrator. In protte fan syn - frijwat dramatyske - skilderijen binne makke yn de styl fan Prerafaeliten, hoewol't dy beweging doe't er berne waard al hast út de tiid wie.
Dicksee's suster Margaret Isabel (1858-1903) en syn broer Herbert Thomas (1862 - 1942) wie ek skilder, lykas ek syn omke John Robert Dicksee (1817 - 1905).[1]
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frank Dicksee studearre ynearste by syn heit, de portret- en sjenreskilder Thomas Francis Dicksee (1819 - 1895). Dêrnei studearre er fan 1871 ôf oan de oplieding fan de Royal Academy of Arts, dêr't er in sulveren en in gouden medalje mei syn wurk wûn. Hy krige dêr ûnderrjocht fan ûnder oaren Edmund Leighton en John Everett Millais.
Yn de jierren 1870 sette er ek út ein as yllustrator foar ferskate tydskriften wêr't Cassell's Magazine, Cornhill Magazine en The Graphic ûnder wiene. Yn de jierren 1880 yllustrearre er de útjeften fan Longfellow's gedicht Evangeline (1882) en fan William Shakespeare's Othello (1890) en Romeo and Juliet (1884).[1]
Dicksee syn skilderwurk bestie út dramatyske histoaryske, Bibelske en allegoryske tafrelen, sênes út literêre wurken en lânskippen. In protte súkses hie er mei portretten fan dames út begoedige rûnten. Teffens makke er in stikmannich ûnderwerpen foar brânskildere ruten.
Dicksee eksposearre syn wurk by de Akademy en ek wol by de Grosvenor Gallery. Yn 1881 waard er keazen ta assosjearre lid fan de Akademy; tsien jier letter waard die folslein lid en yn 1924 brocht er it ta presidint fan it ynstitút. Yn 1925 waard er riddere en yn 1927 ûntfong er de Keninklike Oarder fan Fiktoaria út hannen fan kening George V.
Dicksee die syn wurk foar de Academy mei gloede, mar syn hert lei by de tradisjonele keunst út it lêste part fan de 19e iuw. Sadwaande wie er net sa goed op de hichte fan de nije ûntjouwings en moast er der ek net folle fan hawwe.
Dicksee bleau syn libbenlang frijfeint.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Chivalry, 1885
-
Lady Palmer
-
An Offering
-
Christ of the Cornfield, 1888
-
'De beïerdiging fan in Wytsing', 1893
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biografy en ôfbylden op webstee Art Renewal Center
- Biografy en ôfbylden op artmagick.com
- Ofbylden yn de Wikigallery
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frank Bernard Dicksee fan Wikimedia Commons. |