Springe nei ynhâld

Ira Judkovskaja

Ut Wikipedy

Ira Judkovskaja (Moskou, 21 febrewaris 1975), is in toanielregisseur.

Ira Judkovskaja kaam op har fyftjinde nei Nederlân. Yn 1999 wie se klear mei de rezjy-oplieding yn Amsterdam. Sûnttids wurke se as regisseur ûnder oare by Orkater, it NNTm Het Toneel Speelt en Toneelschuur. Ira Judkovskaja makke yn 2003 mei de Zaanske fanfarepunkband De Kift de lokaasjeopera 4 foar 4 op Oerol.

By it Toneel Speelt wie hja rezjy-assistint fan Willem van de Sande Bakhuyzen en waard se yn 2006 frege as fêste regisseur fan it selskip. Mei 'Alexander' die se har earste grutte sealproduksje. Datselde jier rjochte se ek har eigen selskip op: De Groene Envelop.

By Tryater begûn se mei it grutte projekt De Alvestêdetocht, in hiele dei lang teater op ferskate lokaasjes oer de Alvestêdetocht. In oar projekt wie Eintsje Libben, skreaun troch Rients Gratama.

Yn 2020 naam Ira Judkovskaja nei 12,5 jier ôfskied fan teäterselskip Tryater. Dat barde mei it ôfskiedsstik fan Tryater 1000&1 nacht op in âld stoart oan de râne fan Ljouwert. By dy gelegenheid waard teffens de Fryslân DOK Ofskied sûnder ein makke[1]

  • Doarp Europa (2018)
  • Strjitopera De Iisfoarstin (2014)
  • De Alvestêdetocht, Tryater (2009)
  • Eintsje libben, Tryater (2008)
  • Rijk, 't Woud Ensemble (2007)
  • Polaroid, Fryske Toaniel Stifting Tryater (2007)
  • Alexander, Het Toneel Speelt (2006)
  • De Rit, De Groene Envelop (2006)
  • Zoeken naar Mohammed, Sabri Saad El Hamus (2006)
  • Slangenvel, Orkater (2005)
  • Flysk, Bellevue Lunchtheater (2000)
  • Morgen gestorben, Hans Hof Ensemble (2004)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: